Boskjemannen

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

De Boskjemannen binne de befolkingsgroepen fan de Kalahary.

Om't de Kalahary oer de lânsgrinzen hinne giet, binne ek de Boskjemannen ferspraat oer Angoala, Botswana, Namybje en Súd-Afrika. Hja wurde as in tige âld ras beskôge en it is oantoand dat hja yn alle gefallen al tweintich-tûzen jier as jagers en itengarders yn dit gebiet libje. Yn 2002 is Botswana lykwols begûn mei it twongen ferpleatsen fan de Boskjesmannen dy't yn dat lân wenje. Yn 2006 hawwe de Boskjemannen in rjochtsaak wûn dy't harren it rjocht jout werom te gean, mar oant no ta (2008), is dat noch mar in pear ek wier tastien.

De ferskate groepen hawwe ek ferskate talen, allegear kliktalen út de Koisan groep. Fierders hawwe de Boskjemannen noch in ôfsûnderlike taal, in gebeartetaal, dy't ja foar de jacht brûke. De Boskjemannen hawwe sels gjin wurd dat harrensels oantsjut, en guon minsken út de Westerske wrâld hawwe it idee dat Boskjemannen negatyf wêze soe. Dêrom wurde ek wol oare nammen brûkt, sa't dy ek troch buorfolken brûkt wurde. Dy nammen, lykas San en Basarwa, hawwe lykwols dúdlik slim negative betsjuttings, en de Boskjemannen wurde dan ek it leafst Boskjemannen neamd.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings