Boorlem

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boorlem
St. Nikolaastsjerke (12e ieu) mei losteande houten klokketoer (1793)
St. Nikolaastsjerke (12e ieu) mei losteande houten klokketoer (1793)
Sifers
Ynwennertal 2.037 (2010)
Oerflak 34,71 km²
Befolkingstichtens 59 / km²
Hichte 11 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
Distrikt Noard-Fryslân
Oar
Koördinaten
Webside www.amnf.de

Boorlem (Noard-Frysk) of Bordelum (Dútsk) is in gemeente yn Noard-Fryslân yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente leit foar in part op de 43,4 m hege 'Stollberg'. Op de Stollberg leit in wetterboarne, dy't ek wol de Fositeboarne neamd wurdt. By de Fositeboarne soe Fosite de De tolve asega's it Fryske rjocht ferteld hawwe. By de boarne stiet in boerd mei dêrop in beskriuwing fan dy sêge.