Bodleian bibleteek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yngong fan de Bodleian bibleteek

De Bodlean Bibleteek (Bodleian Library) yn Oxford, Ingelân, koartwei ek wol de Bodley of de Bod neamd, is de âldste iepenbiere bibleteek fan Europa.

De Bodleian Library is ien fan de seis bibleteken dy't depotplicht hawwe foar alle wurk dat yn it Feriene Keninkryk útbrocht wurdt. Dat betsjut dat in útjouwer yn elts gefal ferplichte is om ien eksimplaar oan de British Library te stjoeren, en ek oan elk fan de oare fiif bibleteken at dy dêr om freegje. Fierders hat de bibleteek ek rjocht op in kopy fan elts boek dat yn de Ierske Republyk publisearre wurdt, at sy dêr om fersykje. Utsein universiteitsmeiwurkers, wurde dokuminten net útliend.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De bibleteek hat in lange skiednis. It earste ynstitút yn Oxford datearret út de 14e ieu en waard stifte troch Thomas Cobham, biskop fan Worcester. Stadichoan groeide de samling en moast der in nij ûnderkommen socht wurde doe't de bibleteek tusken 1435 en 1437 in mânske kolleksje manuskripten fan Humphrey fan Gloucester, de broer fan Hindrik V, krige.

Ein 16e ieu rekke de bibleteek fertutearzge. In protte meubulels waarden ferkocht en in soad manuskripten ferdwûne út de samling. Begjin 17e ieu bemuoide Thomas Bodley him der lykwols ei. Hy bea de fice-kanslier fan de universiteit oan it ynstitút nij libben yn de blazen en fûnsen ta foldwaan te jaan. Ek skonk er in part fan syn eigen boekesamling. De bibleteek waard op 8 novimber 1602 fannijs ipene en krige doe ek de namme fan Thomas Bodley. De Bodleian hat no sa'n 8 miljoen boeken.

Digitale takomst[bewurkje seksje | edit source]

De Bodleian is dwaande mei it Oxford Digital Library (ODL) projekt. It doel is om de samlings fan bibleteek mei ynternet tagonklik te meitsjen. De Bodleian stipet it opsetten fan in „JournalServer“ Open-Access Digital Library en jout boarnen foar de Oxford Digital Library Servers ta foldwaan. De ODL sette útein yn july 2001 en der binne al in soad digitale argiven te riepachtsjen.

Bibleteekstimpel yn in boek út 1830

Ferneamd wurk yn dizze bibleteek[bewurkje seksje | edit source]

In karút.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]