Boëtius
Boëtius, folút yn it Latyn Anicius Manlius Severinus Boethius (Rome, 480 - Pavia, 524 of 525) wie in kristlik, let-Romeinske filosoof, skriuwer en politikus, dy't om it jier 500 hinne yn Itaalje libbe. Hy wurdt yn it generaal beskôge as in wichtige skeakel tusken de antike heidenske filosofy en de kristlike midsieuwen. Boëtius waard yn 525 terjochtsteld yn opdracht fan syn eardere freon kening Diderik de Grutte, dy't him derfan fertocht gearspand te hawwen mei it Byzantynske ryk.
Ynhâld |
Eardere libben [bewurkje seksje]
Boëtius waard berne yn Rome as lid fan in âlde en wichtige Romeinske senatorenfamylje, de Anicii, dy't ferskillende keizers û.o. Petronius Maksimus en Olybrius en konsuls fuortbrocht hawwe. Letter soenen de Anicii nei Konstantinopel útwike. De heit fan Boëtius, Flavius Manlius Boëtius, wie yn 487 consul, krekt neidat Odoaker de lêste West-Romeinske keizer, Romulus Augustulus ôfsetten hie. Jong wees wurden, waard hy opfieden troch de aristokratyske Romeinske skriuwer en yntellektueel Symmachus, waans dochter Rustisiana letter mei Boëtius trouwe soe. Boëtius hearde binnen de Romeinske elite ta de lêste generaasje dy't noch in klassike opfieding krige. Sa'n tritich of fyftich jier letter soe dat troch de ynfloed fan it kristendom net mear mooglik wêze. Alhoewol't wy net folle witte oer syn oplieding en stúdzje is dúdlik dat er oer in grutte kennis beskikte fan de klassiken en de Grykske taal.
Lettere libben [bewurkje seksje]
Yn 510 waard Boëtius konsul yn it keninkryk fan de Ostrogoaten. Under de Oastrogoatyske kening Diderik de Grutte, dy't doedestiids oer Itaalje hearske, wie hy magister officiorum, de liedende burokraat en adviseur. Hy tsjinne de kening trou. Yn 522 hie hy wille meidat beide soannen fan him konsul wienen. Doe't de kening lykwols skeel mei Byzantynske keizer krige, waard Boëtius fertocht fan gearspanne mei it Byzantynske Ryk, opsletten en lang om let terjochtsteld. Ek de skoanheit fan Boëtius, Symmachus, waard koart dêrnei terjochtsteld. It feit dat Diderik de Grutte in oanhinger wie fan de Ariaanske tsjerke, wylst Boëtius krekt as de Byzantinen in oanhinger wie fan it katolisisme kin in rol spile hawwe yn it wantrouwen fan Diderik tsjinoer Boëtius. De keizer soe al gau spyt krije fan syn beslút om Boëtius om te bringen.
Wurken [bewurkje seksje]
Oersetter fan Plato en Aristoteles [bewurkje seksje]
Boetius wie dwaande oan in folsleine oersetting fan Plato en Aristoteles út it Gryksk yn it Latyn, mar syn betide dea makke dêr in ein oan. Yn de Midsieuwen wie Boetius benammen bekend troch syn oersettingen fan de logyske wurken fan Aristoteles en syn eigen rekkenkundige ferhanneling, de Institutio Mathematica. De oan Aristoteles ûntliende, mar fia de oersettingen fan Boëtius, trochjûne omskriuwing fan de aard fan de minske: persona est rationalis naturae individua substantia (de minske is in yndividuele substansje mei in rasjonele natuer) waard tidens it ein fan de universaliënstriid troch alle filosofen ienstimmich leden. Troch syn treflike kennis fan de foarkristlike en neoplatoanske filosofy wie hy neffens in protte kristenen út dy tiid fertocht.
Muzyk [bewurkje seksje]
Boëtius wie ek in bekende muzykteoretikus. Hy skriuw "De Institutione Musica", in hânboek dat oant yn de 16e ieu brûkt waard as standertwurk foar de muzykteory. Hy wie wiswier de skriuwer, mar hy hat allinnich teksten út it âlde Grikelân oerset en gearfoege.
Fertreasting [bewurkje seksje]
Syn Oer de fertreasting fan de wiisbegearte (De consolatione philosophiae) is nei alle gedachten yn de finzenis skreaun yn ôfwachting fan syn terjochtstelling. Dat boek, dêr't proaza en poëzij inoar ôfwikselje, soe sa'n tûzen jier lang in tige grutte ynfloed útoefenje op it midsieuske tinken mei begripen as de Fortuin (fortuna) en de Foarsjenichheid. Fan dat lêste begryp leit hy út dat dit net itselde is as predestinaasje.