Beurskrach fan 1929

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Minskekloft foar it gebou fan de New York Stock Exchange nei de beurscrash

De beurskrach (of -crash) fan 1929 wie de earste beurskrach mei wrâldwide katastrofale gefolgen en begûn yn New York. Hjirmei folge de Grutte Depresje.

Heechkonjunktuer[bewurkje seksje | edit source]

De wrâld, en benammen de Feriene Steaten, beleefde yn de jieren 20 fan de 20e ieu in heechkonjunktuer. Hjirtroch gienen de koersen fan oandielen bot omheech, se waarden folle mear wurdich as't reedlik wie. Belizzers wienen poer, de prizen fan de oandielen waarden mnoch mear opjage, dit tsjin alle ekonomyske logika yn. Yn de simmer fan 1929 begûn dúdlik te wuden dat de ekonomyske syklus op het punt stie yn in spiraal nei ûnderen te reitsjen. In soad bedriuwen fernommen dat de merk fersêde wie en krompen de produksje yn of gienen fallyt.

Swarte Tongersdei[bewurkje seksje | edit source]

Op tongersdei 24 oktober 1929 begûnen de oandielekoersen op de New York Stock Exchange ekstreem te sakjen. Yn de ûntstiene panyk besochten belizzers harren oandielen te ferkeapjen, wêrtroch't de koersen finaal yn elkoar klapten.

Troch de krisis koenen in soad lienings net werom betelle wurde wêrtroch't banken fallyt gienen. Dit had in sniebaleffekt ta gefolgen wêrtroch't de minder wurdende ekonomy hurd yn in depresje rekke. Noch ekstra fiede troch de deflaasje dy't dêrtroch ûntstie en it ynstoarten fan de hannel rekke de hiele wrâld dêrnei yn in leechkonjuktuer.

Dútse krisis[bewurkje seksje | edit source]

In foarbyld fan de katastrofale gefolgen fan de minne ekonomyske situaasje is it feit dat de federale oerheid fan de FS grutte finansjele tekoarten hie. Om te besunigjen waard de finansjele help yn it ramt fan it Young-Dawes pakt oan Dútslân stopsetten. Yn Dútslân ûntstie in ferskuorrende earmoede; dit foarme it klimaat wêryn Adolf Hitler oan de macht komme koe. De ekonoom Keynes hie dizze krisis al foarsein yn syn boek The End Of Laisser Faire.