Berum (Reiderlân)

Ut Wikipedy

Berum is in net mear besteande midsiuwske delsetting yn it noardeasten fan Nederlân. It doarp lei yn it midsiuwske lânskip Reiderlân, benoardeasten de Punt fan Reide tusken Easterreide en Fletum.

Berum waard ferswolge troch de Doalert. It doarp lei oan de Iems hast tsjinoer Larrelt yn East-Fryslân. Stratingh en Venema neame Berum op grûn fan ûnbetroubere kaarten út de 16e iuw in grut en ryk doarp, mei in tsjerke en frijwat hege toer. It doarp wurdt yn de njoggende iuw foar it earst neamd as Burion. Yn ferdraggen fan 1391 en 1420 wurdt Kampo, haadling yn Berum, neamd. Berum komt ek noch foar yn in let-15e-iuwske list fan kerspelen fan it bisdom Múnster. Ut de ynkomsten yn dy list docht bliken dat it gjin ryk doarp wie. Westerreide en Easterreide hiene nammentlik beide 13 skellingen en Berum waard oanslein foar mar 4 skellingen. Berum hearde ta it dekanaat (proasdij) Hatzum alias Nes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard (Grins, 1855)