Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 40

Ut Wikipedy

Sargon (Akkadysk: 𒊬𒊒𒄀, sekuere transliteraasje: Šar-ru-gi; ±2355 f.Kr.2279 f.Kr. of 2284 f.Kr.), ek bekend as Sargon de Grutte (net te betiizjen mei de lettere keningen Sargon I en Sargon II fan Assyrje), wie yn 'e fjouwerentweintichste en trijeëntweintichste iuw f.Kr. kening fan Akkad en Sûmearje. Hy wie de stifter fan it Akkadyske Ryk, en wurdt soms identifisearre as de earste persoan yn 'e (fêstleine) skiednis dy't oer in ryk regearre. De dynasty dy't Sargon stifte, it Hûs fan Sargon, hearske nei syn dea noch krapoan oardel iuw oer it Akkadyske Ryk, oant dat ûnder fuotten helle waard troch de Gûtyske ferovering fan Sûmearje. Yn 'e literatuer fan it Nijassyryske Ryk, út 'e achtste en sânde iuw f.Kr., komt Sargon foar as in legindarysk figuer.

Lês fierder