Springe nei ynhâld

Benny Lindelauf

Ut Wikipedy

Benny Lindelauf (Sittard, 15 desimber 1964) is in berneboekeskriuwer. Hy wennet yn Rotterdam.

Lindelauf studearre ynrjochtingswurk oan de Mikojelakademy en dûns oan de Teäterskoalle yn Amsterdam. Nei syn ôfstudearjen die er mei oan ferskaat fan (jeugd-)teäterproduksjes, sawol as akteur as dûnser.[1]

Yn 1998 ferskynde syn earste boek Omhoogvaldag en dêrnei noch ferskillende oare boeken. Njonken berneboeken skriuwt Lindelauf ek teksten foar jeugdteäterselskippen.

De histoaryske roman Negen Open Armen is oerset yn seis talen, ûnder oaren yn it Tsjechysk en Koreaansk. Ek oare boeken fan him binne yn fertaling ferskynd.[2]

  • 1998: Omhoogvaldag, G.B. van Goor & Zonen Uitgeversmaatschappij
  • 1999: Schuilen in een jas, Van Goor
  • 2003: Opblijven, Wolters-Noordhoff
  • 2003: Het groei-orkest, Wolters-Noordhoff
  • 2003: De nacht-speeltuin, Wolters-Noordhoff
  • 2004: Negen Open Armen, Querido; winner Thea Beckmanpriis 2004 en Gouden Zoen 2005
  • 2007: Door en Door Winter, Querido
  • 2007: De Meester van de Schaduw, De Eenhoorn
  • 2007: De Vloek van het Verdwenen Boek, Zwijsen[3]
  • 2008: Piraten van Nix, Zwijsen
  • 2010: De Hemel van Heivisj, Querido, vervolg op Negen Open Armen; winner Woutertje Pieterse Priis 2011, Dioraphte Jongerenliteratuer Priis en Nynke fan Hichtumpriis
  • 2011: Superhelp, Querido
  • 2016: Hoe Tortot zijn Vissenhart Verloor, mei yllustraasjes fan Ludwig Volbeda, Querido

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bibliotheek Leesplein - Benny Lindelauf
  2. (in) Letterenfonds - Benny Lindelauf
  3. Bibliotheek Boutersem