Bela Lugosi

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Bela Lugosi yn de The Devil Bat, 1940
Lugosi yn White Zombie

Béla Lugosi, artystenamme fan Béla Ferenc Dezső Blaskó (Lugos (Banaat, Hongarije), 20 oktober 1882Los Angeles (Kalifornje), 16 augustus 1956) wie in Amerikaansk-Hongaarsk akteur.

Lugosi is fral bekend fan syn rollen yn grizelfilms, benammen troch syn fertolking fan Drakula.

Doe't ein 1931 Frankenstein yn de filmsealen ferskynde, hie net ien it mear oer Lugosi. Boris Karloff wie de nije stjer oan it horrorfirmamint. De akteurs hawwe in pear kear tegearre yn deselde films spile, mar eltse kear kaam Lugosi mear yn't skaad fan Karloff te stean. In oare faktor yn syn delgong wiene de fermoedens oer syn bannen mei it kommunisme.

Lugosi hat lange jierren oan morfine ferslaafd west, mar hy hat syn ôfhinklikens oerwûn mei in ôfkikprogramma (1954). Hy wie ek de earste Hollywoodakteur dy't syn ferslaving iepenlik yn de media bespriek.

Lugosi stoar op 16 augustus 1956 mei 73 jier yn syn appartemint yn Hollywood oan in hertoanfal, earm en ûngelokkich. Frank Sinatra betelle de begraffenis. Lugosi waard begroeven yn in folslein Drakula-kostúm.

Wichtige films[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]