Bakû
| Bakû | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.039.700 (2009) | |
| Oerflak | 2130 km² | |
| Befolkingstichtens | 957.6/km² | |
| Hichte | - 28 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Azerbeidzjan | |
| Boargemaster | Hajibala Abutalybov | |
| Oar | ||
| Postkoade | AZ1000 | |
| Tiidsône | AZT (UTC+5) | |
| *Simmertiid | DST (UTC+4) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | BakuCity.az | |
Bakû is de haadstêd en wichtichste havenstêd fan Azerbeidzjan. De stêd, dy't oan de Kaspyske See leit, is mear as 1500 jier âld. De stêd hie 1.900.000 ynwenners yn 2003 en 2.039.700 yn 2009.
[bewurkje seksje] Skiednis
Argeologen hawwe resten fûn dy't datearre fan in pear ieuwen foar Kristus. Bakû waard foar it earst neamd yn 885. De stêd waard wichtich neidat de stêd Shemaka troch in ierdskodding ferwoaste waard. De doedestiids Persyske hearsker Shirvanshah Ahistan I makke fan Bakû syn nije haadstêd.
Yn 1805, ûnder de Earste Russysk-Iraanske oarloch, waard Bakû troch de Russen op Iran ûnder de Kadjaren-dynasty oerweldige.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrich
De histoaryske stedsmuorre fan Bakû is op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO set. Ek de Maagdentoer út de 11e ieu stiet op dizze list.
Bakû is it begjin fan de Bakû-Tbilise-Ceyhanpiiplieding yn oanbou, dy't oalje fan de Kaspyske See nei de Swarte See bringe moat.