Autobom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Autobomoanslach yn Saigon troch de Fietkong yn 1965
Autobom yn Irak

In autobom of bomauto is in wapen dat soms brûkt wurdt by terroristyske aksjes. In auto, of in oar ferfiersmiddel, fol eksposiven wurdt op in beskaat plak en op in beskate tiid, meast fan fierens, ta ûntploffing brocht.

Mei in auto kin in mânsk poarsje eksplosiven op in beskaat plak efterlitten wurde sûnder dat it opfalt, mitsdat it in plak is dêr't jo in auto kwyt kinne.

Tsjintwurdich komme ek hieltyd mear selsmoardoanslaggen mei auto's foar. De terrorist lit de bom dan sels ûntploffe.

In oare foarm is in bom, dy't sa oan in auto fêstmakke is, dat er eksplodearret at de auto starten wurdt.