Fietkong

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flagge fan it Nasjonaal Befrijingsfront

Fietkong betsjut letterlik Fietnameeske kommunisten en waard yn de sechtiger jierren brûkt om de kommunisten, de politike tsjinstanners fan de Súd-Fietnameeske regearing mei oan te tsjutten. Ut de Fietkong waard yn 1960 it Nasjonale Befrijingsfront oprjochte en dêrút de yn 1969 foarme foarlopige revolúsjonêre regearing foar Súd-Fietnam.