Springe nei ynhâld

Auke Adema

Ut Wikipedy
Auke Adema
Reedrider
Adema (1941)
Adema (1941)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Auke Adema
bertedatum 4 oktober 1907
berteplak Frjentsjer
stjerdatum 31 maart 1976
stjerplak Berltsum
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
wichtige prestaasjes
winner Alvestêdetocht

</noinclude> Auke Adema (Frjentsjer, 4 oktober 1907Berltsum, 31 maart 1976) wie in Frysk rider.

Adema wûn de 6e Alvestêdetocht op 30 jannewaris 1940. Dizze oerwinning moast hy lykwols diele mei Durk van der Duim, Cor Jongert, Piet Keijzer en Sjouke Westra, omdat se mei syn fiven tagelyk oer de streek kamen. De fiif riders hienen yn Dokkum ôfpraat mei-inoar finisje te sillen, in ôfspraak dy’t letter bekend bleaun as it Pakt fan Dokkum. Op 6 febrewaris 1941 wûn Adema de 7e Alvestêdetocht, dit kear allinnich.

Letter waard de mooglikheid om de winst fan de Alvestêdetocht te dielen mei oare riders ferbean. Dit hat ien kear laat ta in tocht sûnder winst. Op 14 febrewaris 1956 gienen wer fiif riders tagelyk oer de streek. Se waarden letter út de útslach skrast, hoewol't der gjin nije winner oanwiisd waard.