Archip Koeindzji

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Archip Koeindzji. Portret troch Viktor Vasnetsov.

Archip Ivanovitsj Koeindzji (Marioepol, 27 jannewaris 1841 - Sint-Petersburch?, 11 july 1910) wie in Russysk keunstskilder, dy't him spesjalisearre yn lânskippen. Hy hearde by de streaming fan de de Swalkers.

Koeindzji wie de soan fan in earme Grykske skuonmakker. Syn jeugd hat er lykwols fral tahâlde yn Taganrog. Doe't er 6 jier wie ferstoaren syn âlden en moast er troch de tiid komme as harder en hie er baantsjes yn winkels en holp er by de bou fan de nije tsjerke. Fan 1860 oant 1865 hat er wurk yn in fotostudio yn Taganrog. Yn 1865 wurdt er learling fan Ivan Aivazovski, mar yn 1866 ferfard er nei Sint-Petersburch, doe't it him net slagge om sels in fotostudio te begjinnen.

Hy wie yn't foarste plak autodidakt, mar nei 1868 krige er ek lessen op de Keizerlike Akademy fa Skoandere Keunsten. Yn dy snuorje sleat er him oan by De Swalkers. Yn 1872 begjint er foar himsels en dat jier kocht Pavel Tretjakov foar it earst in skilderij (Op it eilân Valaam) fan Koeindzji. Yn 1873 docht Koeindzhi mei oan de Ynternasjonale Keunst Tentoanstelling fan 1874 yn Londen. Hy kriget in brûnzen medalje foar syn ynbring: De Snie.

Yn in lettere peroade begjint er te eksperimintearjen mei beljochting fan- en de hichte fan de kym yn syn lânskippen. Goede foarbylden dêrfan binne Nacht op de Dnjepr en It bjirkebosk. Yn 1892 waard er professer oan de Keizerlike Akademy foar Skoandere Keunsten en yn 1893 folslein lid. Yn 1894 komt er oan it haad te stean fan de ôfdieling Lânskipsskilderjen, mar yn 1897 kriget er dien út reden fan syn stipe oan in studinteopstân.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]