Apeninen

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Apeninen yn Emilia (Pietra di Bismantova)

De Apeninen (Italjaansk: Appennini) binne in geberchte yn Itaalje. It strekket him út oer sawat it hiele skiereilân, begjinnend yn Ligury yn it noardwesten fan Itaalje oant yn Kalabrje, 1350 kilometer súdliker, yn it súddwesten. Hoewol't beide úteinen fan it geberchte oan de westkust lizze, beslacht de Apenninen dêrtusken foaral it eastlik part fan it skiereilân. Dêr't it geberchte oan de westside stadichoan ôfrint yn de rjochting fan de see, is de ôfdaling yn it easten folle steiler.

De Apeninen berieken har heechste punt yn de regio Abruzzen by de Gran Sasso. De heechste pyk is de Korno Grande mei 2912 meter. Hjir leit boppedat de súdlikste gletsjer fan Jeropa.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings