Antykonsepsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De pil

Antykonsepsje is in sammelnamme foar techniken foar it tefoaren kommen fan swangerskip nei geslachtsferkear. Der wurdt besocht foar te kommen dat de siedsel en de aaisel by elkoar komme kinne of dat it embryo him ynnêstelje kin yn de liifmoer.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Antykonsepsjemiddels waarden op de ein fan de 19e ieu en yn it begjin fan de 20e ieu propagearre troch neomaltusianisten as Jan Rutgers en Aletta Jacobs (cfr. de oprjochting fan it Nij-Maltusiaanse Bûn yn Nederlân yn 1882). Mei it each op de rasferbettering pleite Rutgers ek foar frijwillige en sa nedich opleine kontrasepsje of in baringsferbod foar de ferpaupere befolking.

Mei de útfining fan de pil naam it brûken fan antykonsepsjemiddels yn de jierren 1960 in hege flecht yn it Westen. Yn Nederlân wie de pil lykwols oant 1969 allinnich 'op medyske yndikaasje' beskikber. Oant dat jier wie ek de iepenlike ferkeap fan oare foarbehoedmiddels noch offisjeel ferbean.