Geslachtsmienskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Geslachtsferkear)
Genitale geslachtsmienskip tusken in man en in frou.

Geslachtsmienskip of seks is it ynbringen fan it manlike geslachtsorgaan, de penis yn ereksje, yn it froulike geslachtsorgaan, de fagina, omreden fan seksueel geniet, fuortplanting of beide. In manlike sekspartner wurdt ornaris oantsjut as in minner, en in froulikenien as in minneresse. Dat binne ferbûgings fan 'minne', in âld wurd foar 'leafde'. Geslachtsmienskip is de ultime foarm fan lichaamlike yntimiteit en wurdt tusken twa (of mear) persoanen yn 'e regel ferrjochte om sawol lichaamlik as emosjoneel geniet. Dit proses draacht gauris yn wichtige mjitte by oan it foarmjen fan bannen tusken minsken. Mei masturbaasje is geslachtsmienskip de meast foarkommende seksuele aktiviteit ûnder minsken. Meastal duorret geslachtsmienskip mar in stikmannich minuten en it orgasme dat dertroch berikt wurdt in oantal sekonden.

Geslachtsmienskip stiet ek wol bekend as faginale seks, ta ûnderskie fan orale seks (wêrby't de penis yn 'e mûle ynbrocht wurdt) en anale seks (wêrby't de penis yn 'e anus ynbrocht wurdt). Ek sprekt men wol fan genitale mienskip of genitale seks (seks troch gebrûk fan 'e geslachtsdielen) yn tsjinstelling ta anogenitale mienskip (seks wêrby't in geslachtsdiel kontakt makket mei de anus). Oare soarten penetrative seks wêrby't de fagina in rol spilet, binne fingerjen (wêrby't ien of mear fingers yn 'e fagina ynbrocht wurde), kunnilingus (in foarm fan orale seks wêrby't mooglik de tonge yn 'e fagina ynbrocht wurdt), dûbele penetraasje (wêrby't faginale seks kombinearre wurdt mei anale seks) en it gebrûk fan seksboartersguod, yn 't bysûnder fan in dildo of keunstpenis.

Synonimen

Synonimen foar geslachtsmienskip binne geslachtlike mienskip, geslachtsferkear, geslachtsdie(d), fleislike mienskip, seks, seksueel kontakt, seksuele omgong, omgong, "de die", koïtus (fan it Latynske coitus, "gearkomste"), kopulaasje (fan it Latynske copulatio, "ferbining" of "feriening") of (by bisten) pearing. Byhearrende tiidwurden binne: besliepe, bekrûpe, berêde, heevopje, op-en-delderje, ta immen komme, by bisten pearje of djoeie en yn bibelske sin immen kenne. Ut 'e sprektaal binne fierders noch ferskate as minder fatsoenlik beskôge tiidwurdsfoarmen bekend, lykas neuke, wippe, krikke, krikkrakje, pompe, joepe, jûpse, jûtse, útride en útwenje. Eigenskipswurdlike foarmen dy't by geslachtsmienskip hearre, binne geslachtsmienskiplik en koïtaal. As men foar de earste kear geslachtsmienskip hat, sprekt men fan in ûntfamming. Geslachtsmienskip tusken trije dielnimmers hjit in trio; as der fjouwer of mear dielnimmers by belutsen binne, sprekt men fan groepseks. It ôftwingen fan geslachtsmienskip tsjin 'e wil fan ien fan 'e partners hjit ferkrêfting.

De pearing fan twa liuwen.

Proses

Geslachtsmienskip kin plakfine binnen in relaasje, lykas in houlik, ferloving, registrearre partnerskip, gearwenjen, losse relaasje, românse of ferkearing, mar it kin ek foarkomme dat minsken inoar fersiere mei de spesifike bedoeling om ien nacht seks mei-inoar te hawwen en inoar dêrnei nea wer te sjen. Soks hjit in onenightstand. By bisten fynt geslachtsmienskip faak yn in fêste tiid fan 't jier plak, de saneamde peartiid. By minsken wurdt geslachtsmienskip ornaris foarôfgien troch in foarspul dat de partners seksueel prikelet en harren lichems tariedt op geslachtsferkear: de penis fan 'e man wurdt stiif en jout foarfocht ôf, en de fagina fan 'e frou wurdt fochtich troch de ôfskieding fan faginaal focht. Sawol foarfocht as faginaal focht is in natuerlik glydmiddel.

In print út 'e 19e iuw fan in pearke dat geslachtsmienskip hat (troch Achille Devéria).

By in onenightstand kin it foarspul al begjinne as men inoar oppikt, yn 'e foarm fan flirten. Letter folget tútsjen, dan streakjen en it befielen fan inoars lichem, en dêrnei it fingerjen fan 'e fagina en it ôflûken fan 'e penis. Faak wurde oanslutend earst noch ien of beide foarmen fan orale seks ferrjochte: kunnilingus, wêrby't de man de fagina fan 'e frou slikket, en felasio, wêrby't de frou de penis fan 'e man ôfsûcht. By de eigentlike geslachtsmienskip bringt de man syn penis yn 'e fagina fan 'e frou yn en beweecht dy dêrnei yn en út (it 'stjitten') yn in tempo dat stadichoan flugger giet en minder behearske is neigeraden dat de man of beide partners tichter by it orgasme komme.

Dit stjitten jout sawol de man as de frou seksueel geniet. Foar de man wurdt dat feroarsake troch de druk op syn nút, de uterst gefoelige tip fan syn penis, en troch de sûgende krêft fan 'e fagina. Foar de frou wurdt it feroarsake troch de wriuwing fan 'e penis by har gefoelige binnenste skamlippen lâns, de wriuwing fan it ûnderlichem fan 'e man oer har klitoris, en it reitsjen troch syn penis fan har G-plak, binnenyn har fagina. Uteinlik wurdt de druk op 'e penis fan 'e man sa grut dat er in orgasme berikt (of 'klearkomt'), wêrby't in ejakulaasje (útstjit) fan sperma yn 'e fagina fan 'e frou plakfynt. Biologysk sjoen is dat de earste stap fan 'e fuortplanting: de siedsellen sille trochkringe yn it limoer fan 'e frou en dêr sa mooglik in aaisel befruchtsje, mei as gefolch dat de frou swier rekket en (as alles goed giet) njoggen moannen letter in poppe te wrâld bringt.

Geslachtsmienskip fan in Yndiaaske prins en syn frouwe.

Swierwêzen

Faak is fuortplanting lykwols net de reden fan 'e geslachtsmienskip, en sterker noch, sille beide dielnimmers der alles oan dwaan om derfoar te soargjen dat de frou net swier rekket. Soms lûkt de man dêrom, as er syn orgasme oankommen fielt, syn penis fluch út 'e fagina, om op 'e búk fan 'e frou te ejakulearjen; dat hjit koïtus interruptus oftewol de "ûnderbrutsen geslachtsmienskip" (ek sprekt men wol fan 'foar it sjongen út tsjerke gean'). De iennichste oare mooglikheid om swierwêzen tsjin te gean, wie foarhinne periodike ûnthâlding, wêrby't men de fruchtberheidssyklus fan 'e frou yn 'e rekken hold en allinnich geslachtsmienskip hie op dagen dat hja 'ûnfruchtber' wie. Net ien fan beide systemen is wetterticht, mei as gefolch dat de frou gauris dochs swier waard.

Tsjintwurdich binne der foarbehoedsmiddels dy't folle better wurkje, lykas it kondoom (in licht plestik hoeske dat men om 'e penis docht) of de antykonsepsjepil, dy't op deistige basis troch de frou ynnommen tsjinnet te wurden. Ek dy middels biede lykwols gjin hûndert persint wissichheid; in kondoom kin barste of ôfglydzje en 'de pil' wurdt wolris fergetten en wurdt boppedat troch in protte froulju as in ferfelende ferplichting ûnderfûn. By it ferjitten om 'e pil yn te nimmen, kin in morningafterpil noch útkomst biede. Mar guon manlju litte har, as se beslist gjin bern (mear) hawwe wolle, sterilisearje, wêrby't operatyf de ferbining ferbrutsen wurdt tusken de testikels, dêr't it sperma oanmakke wurdt, en de urinebuis, dêr't it troch nei bûten ta ejakulearre wurdt. Guon froulju dy't nettsjinsteande alle mooglik foarbehoedsmiddels dochs ûnwinske swier reitsje, ûndergeane in abortus, wêrby't it swierwêzen troch in dokter keunstmjittich beëinige wurdt.

In print út 1892 fan Édouard-Henri Avril, mei dêrop geslachtsmienskip yn 'e misjonarishâlding.

Froulik orgasme

Foar geslachtsmienskip yn 'e biologyske sin (fan 'e earste stap fan 'e fuortplanting) is it net nedich dat de frou in orgasme berikt. Sterker noch, iuwenlang wie de medyske wittenskip derfan oertsjûge dat froulju gjin orgasme krije koene. Pas yn 'e njoggentjinde iuw waard it tsjindiel oantoand, mar noch altyd wurde froulju wol foarsteld as lju dy't geslachtsmienskip duldsum ûndergeane om harren gleone manlike partner te geriivjen, of dy't harren gleone manlike partner op in houtsje bite litte ("No net, skat, ik haw pineholle").

Dizze foarstelling fan saken is besiden de wierheid. Der sille grif froulju wêze dy't net fan geslachtsferkear hâlde, mar de measten genietsje der perfoarst teminsten likefolle fan as manlju. Yn dit ramt sei seksuolooch Jelto Drenth yn 2016 yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante: "As ik op 'e sprekoere in troud pear krij fan wa't de iene partner in soad sin oan seks hat en de oare net, dan is dejinge dy't in soad sin hat meastal de frou."[1] Wol hawwe froulju faak ferlet fan mear seksuele stimulaasje as manlju om in orgasme te berikken: 70-80% binne dêrta direkte stimulaasje fan 'e klitoris nedich. As it harren de muoite net wurdich is, simulearje se soms in orgasme. As se wol wier in orgasme hawwe, kinne in protte froulju dêrby ek in froulike ejakulaasje (squirting) belibje, wêrby't lichemseigen floeistof troch de para-uretrale klieren yn in ritmysk ta- en ôfnimmende striel fia de urinebuis útdreaun wurdt.

Geslachtsmienskip yn 'e cowgirlposysje (troch Édouard-Henri Avril).

Posysjes

Geslachtsmienskip kin yn ferskate hâldings plakfine. Sokke sekshâldings wurde faak posysjes of stantsjes neamd. De wenstichste dêrfan is de saneamde misjonarishâlding, wêrby't de frou mei de skonken wiid spraat en omheech holden ûnder de man leit. Dit wurdt ornaris ûnderfûn as ien fan 'e noflikste en oangenaamste sekshâldings om't de sekspartners hjirby mei de gesichten nei inoar ta lizze, sadat se inoar ûnder de geslachtsmienskip oansjen en tútsje kinne. De namme 'misjonarishâlding' (mei de ferwizing nei in misjonaris) komt nei alle gedachten fuort út in fersin fan 'e Amerikaanske seksuolooch Alfred Kinsey (sjoch foar útlis hjirre).

By farianten fan 'e misjonarishâlding kinne de gesichten ek njonken inoar holden wurde (wêrby't de partners inoar yn 'e nekke hymje), en de frou kin har skonken ek plat dellizze yn it ferlingde fan har lichem, of de fuotten efter de rêch fan 'e man byinoar bringe, of (as se dêrta linigernôch is) har fuotten nei har skouders ta bringe. Foar sawol de man as de frou kinne ferskillende hâldings fan 'e skonken fan 'e frou in ferskillend gefoel feroarsaakje. Sa hat it sterker bûgen fan 'e heupen ta gefolch dat de penis djipper yn 'e fagina binnenkringe kin, wêrmei't mooglikerwize it G-plak sterker stimulearre wurdt. Oft dat noflik is of net, hinget fan persoanlike foarkar en de anatomyske skaaimerken fan 'e partners ôf.

In trochsneed fan in man en frou dy't geslachtsferkear hawwe, troch Leonardo da Vinci.

Oare sekshâldings binne:

  • lizzende hûntsjeshâlding: de frou leit op it liif op bêd en de man leit boppe-op har, mei syn gesicht nei har efterholle ta
  • hûntsjeshâlding of doggie-style: de frou op hannen en knibbels of op knibbels wylst se har mei de earms op bgl. it bêd skoarret, mei de man op knibbels efter har, sa't hûnen it dogge
  • steand:
    • fan efteren: de frou bûcht wat foaroer en de man stiet efter har; de frou kin har skonken spriede, mar dat hoecht net
    • fan foarren: de frou linet wat efteroer en spriedt de har skonken wat, of lûkt ien skonk op en set dy op bgl. in stoel, of lit him rêste op 'e earm of it skouder fan 'e man, dy't foar har stiet
  • leppeltsje-leppeltsje of spooning: de man en de frou lizze op 'e side, mei de man efter de frou; hjirby kin de frou har skonken spriede, mar dat hoecht net
  • cowgirlhâlding: de man leit plat op 'e rêch of sit op in stoel, en de frou sit oerskrank oer him hinne mei har foarside nei him ta; hja kin harsels ûnderstypje mei de fuotten op 'e grûn (as har partner op in stoel sit) of mei har knibbels op it bêd (as er leit); hja kin rjochtop sitte of, as er leit, foaroer bûge en har gesicht nei sines tabringe
  • omkearde cowgirlhâlding of reverse cowgirl: de man leit plat op 'e rêch of sit op in stoel, en de frou sit oerskrank oer him hinne mei har rêch nei him ta; hja kin de fuotten op 'e grûn sette (as har partner op in stoel sit) of op it bêd (as er leit) of op syn boppeskonken, wêrby't se har mei de hannen op syn boarst of op it bêd njonken syn boarst skoarret
  • omkearde misjonarishâlding: in fariant fan 'e cowgirlhâlding
  • heipealhâlding of piledriver: de frou leit op har skouders, mei har holle op 'e grûn en har liif by it bêd of de bank op, sadat har stuten krekt oer de râne hinne komme; de man pleatst syn fuotten oan wjerssiden fan har sadat er troch syn knibbels sakke boppe har stiet, en beweecht net hinne en wer, mar op en del
Geslachtsmienskip, in plaatsje út 'e Kama Sûtra.

Mei wat fantasij kinne grif noch oare farianten betocht wurde; it fariëarjen fan seksposysje by geslachtsferkear kin yn fêste relaasjes de positive spanning behâlde en foarkomme dat de belibbing fan 'e seksualiteit in ferplichting of rûtinemjittich wurdt. Faak wurdt de Kamasûtra, in ferneamd Yndiaask boek út 'e twadde iuw, sjoen as it standertwurk op it mêd fan seksposysjes. Hoewol't dêr yndie in protte oer dat ûnderwerp yn stiet, is it in misferstân dat de Kamasûtra allinnich mar oer seks gean soe of sels dat it dêr yn haadsaak oer giet. Eins is it nammentlik in godstsjinstich geskrift, ferlykber mei in bibelboek, dat rie jout oangeande de deugdsume libbenswize dy't it hindoeïsme foarstiet, en in sûn sekslibben heart dêr no ienris by.

Seksueel oerdraachbere oandwanings

Guon sykten kinne troch geslachtsferkear fan persoan op persoan oerdroegen wurde. Datsoarte krupsjes wurde geslachtssykten of seksueel oerdraachbere oandwanings neamd. As men frije seksuele kontakten hat, d.w.s. mei mear as ien persoan yn koarte tiid geslachtsmienskip hat, wurdt men sterk oanmoedige om dêrby in kondoom te brûken. Dat jildt ek as men fan jinsels wit dat men neat ûnder de leden hat, want fan jins sekspartner kin men dêr nea wis fan wêze. Geslachtsferkear dêr't men jin troch it gebrûk fan in kondoom by beskermet tsjin seksueel oerdraachbere oandwanings wurdt feilige seks neamd, yn tsjinstelling ta ûnfeilige seks, wêrby't men de risiko's fan it krijen fan sokke sykten foar leaf nimt. De meast foarkommende seksueel oerdraachbere oandwanings binne gonorroe, klamydia, syfilis, sjankroyd en HIV/AIDS, wêrfan't de lêste deadlik wêze kin. Hepatitis B kin, hoewol't it ornaris net as in geslachtssykte beskôge wurdt, ek troch geslachtsmienskip oerdroegen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Laan, Mannus van der, "Seks Is een Kinderspelletje", yn: de Ljouwerter Krante, 10 desimber 2016, Sneon en Snein, s. 28-29.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.