Anne Tjerkstra

Ut Wikipedy
Anne Tjerkstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anne Tjerkstra
berne 1946
berteplak It Heidenskip ûnder Warkum
wurkpaad
aktyf as skipper
reden
  bekendheid
skûtsjesilen

Anne Tjerkstra (It Heidenskip, 1946) is in Fryske skipper út Goaiïngaryp.

Skûtsjesilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anne Tjerkstra waard yn 1946 berne op in skûtsje yn it puoltsje De âldman`s sek yn It Heidenskip ûnder Warkum. Syn libben soe yn it teken fan skûtsjesilen stean, fan syn tsiende jier ôf sylt er al mei. Syn frou Geeske waard berne op it skûtsje Twee Gebroeders fan Rienk Zwaga, en harren kokentafel wie makke fan in swurd. Foar syn wurk wie Terpstra skipper op it steatejacht Friso fan de provinsje Fryslân. Hy sylde dan simmerdeis mei Kommissarissen fan de Kening as Rijpstra, Wiegel, Hermans en Nijpels.

Tsjerkstra begûn yn 1984 as skipper by de SKS op it Jouster skûtsje Oeral Thús. Hy einige as tredde yn it SKS-klassemint yn 1990, 1992, 1994, 1996 en 1999. Fan 2000 ôf wie hy skipper op it skûtsje fan Langwar. Nei 25 jier skûtsjeskipper west te hawwen joech er ein desimber 2008 by syn bemanning oan dat er stoppe as skipper. [1] Yn 2008 waard hy adviseur op it skûtsje Doap Grou by syn skoansoan Douwe Visser.

Skilder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn frije tiid skildere Tjerkstra mear as 80 portretten fan de SKS-skippers fan it SKS-fleugelklassemint op it âlde taande katoen fan in fersniene fok fan it Jouster skûtsje. De portretten waarden yn 1999 tentoansteld yn galery it Tripgemaal fan Thom Mercuur yn Gersleat. Oer de skilderijen ferskynde in boek fan Jan de Vries ûnder de titel De skûtsjeskippers fan Anne Tjerkstra. Yn dit boek steane 34 skippersportretten. It seildoek fan 9 by 4,5 meter waard presintearre yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits. [2] It kaam te hingjen yn de nije entree fan it skipfeartmuseum.

Yn 2010 ferskynde oer syn libben it boek Anne Tjerkstra, in libben tusken de swurden.

Reedriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anne Tjerkstra ried trije kear de Alvestêdetocht. [3] Dat er de tocht ek sân kear ried as ‘wylde’ rider levere him ek krityk op, omdat soks lang net ferantwurde west hie. [4]

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: