Anna Folkema
Appearance
Anna Folkema (Dokkum, doopt 22 maaie 1695- Amsterdam, beïerdige 8 oktober 1768) wie in Frysk 18e iuwsk graveur en skildereresse.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se waard berne yn Dokkum as dochter fan goudsmid en graveur Johann Jakob Folkema (†1735) en Brechtsje Jacobs Faber († 1728).[1] Se wie de suster fan Jacob Folkema en fan Fopke.[1] Om 1708 hinne ferfear de húshâlding nei Amsterdam dêr't se meiïnoar in bedriuwke foar it meitsjen fan printen begûnen.[1]
Njonken etsen en gravueres makke Anna Folkema ek miniatuerportretten
Anna Folkema bleau frij faam en waard, lykas ek har broer en heit, beïerdige yn de Westertsjerke yn Amsterdam.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Har etsen en gravueres ferskynden yn:
- Il callotto resuscitato, oder Neu eingerichtes Zwerchen Cabinet (Amsterdam 1716, en om 1720).
- R. van Leuve, ’s Waerelds koopslot of de Amsteldamse beurs, opnaam yn: Idem, Mengelwerken (Amsterdam 1723) [printen fannijs brûkt yn: Gebouwen, gezichten en oudheden der stad Amsterdam (Haarlim 1741, 1744)].
- Claas Bruin, Dichtmaatige gedachten over honderdvyfenvyftig bybelsche printverbeeldingen (Amsterdam 1727).
- Oar wurk yn û.m.: Ryksprintekabinet (Amsterdam), Stedsargyf Amsterdam (Argyf famylje Backer).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|