Jacob Folkema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Faam mei bern en fjouwer hilligen, neffens Titiaan, om 1750

Jacob Folkema ( Dokkum, 1692 - Amsterdam, 1767) wie in graveur. Neffens guon boarnen is hy berne yn Amsterdam.

Hy krige ynearsten ûnderrjocht fan syn heit, Johann Jakob Folkema, dy't goudsmid wie. Hy wie letter learling fan Picardt yn Amsterdam en gelikense fan Houbraken.

Hy wie yn syn tiid in bekend portretgraveur. Syn keunstbekwaamheid is ek út de troch him makke titels en printen foar in oantal boeken op te meitsjen (de bibel fan Royaumont, 1712 en Ruysch syn Anatomy, 1737). Syn suster Anna Folkema (1695-1768), dy't him ek wol holp, makke namme as miniatuergraveur.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Portret fan Miguel de Cervantes, 1768

Portretten[bewurkje seksje | edit source]

  • Miguel Cervantes de Saavedra; neffens C. Kort.
  • Johannes Ens, heechlearaar Teology yn Utert; neffens Colla.
  • Petrus de Maestricht, heechlearaar Teology yn Frankfort; neffens Colla.
  • Humphrey Prideaux, Dean of Norwich; neffens Seeman.
  • Suethlagius, predikant yn Amsterdam; neffens Anna Folkema.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: