Ankole-Watusy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Watusy
Watusys yn Rancine Zoo, Wiskonsin

De Watusy of Ankole is in Koweras yn East-Afrika, dat ûntstien is út it krusen fan it Ald-Egyptyske kobist mei lange hoarnen en de Sebû. Sy hearre ta de Afrikaanske bultkij.

Fanâlds binne de fokkers fan de Watusy de Tûtsys en Ankole út Rûanda en Bûrûndy.

De Watusykobisten wiene dêr, en binne noch wol, ek betelmiddel; harren wearde wurdt heger nei gelang de lingte fan de hoarnen. De hoarnen kinne goed twa meter, mei in omfang fan 50 sm, wurde. It Guinness-book of Rekords stiet Lurch yn, in Watusyokse mei in hoarnomfang fan 95,25 sm (metten op 6 maaie 2003).

Watusykobisten wurde tradisjoneel net slachte; sy wurde meast molken en ierlitten. It bloed wurdt troch de molke dien en sa dronken.

It goed 5000 jier âlde koweras wurdt by de fok allinne op de grutte fan de hoarnen selektearre, dêrom kinne de bisten allerhanne kleuren hawwe en ek frijwat yn grutte ferskille.

De Ankole-Watusy komt wilens ek yn oare lannen foar as dy't boppe neamd binne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]