Allard Pierson Museum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It eardere gebou fan De Nederlandsche Bank, no Allard Pierson Museum
Yngong

It Allard Pierson Museum is it argeologymuseum fan de Universiteit fan Amsterdam ferneamd nei Allard Pierson (1831-1896), de earste heechlearaar yn keunstskiednis, estetika en moderne talen en letteren oan dy universiteit. Hy lei yn de jierren 1877 oant 1895 in samling gipsôfjitsels.

De twadde heechlearaar dy't argeology ûnderrjochte oan de Universiteit fan Amsterdam wie J. Six. Hy hie in mânske samling boeken en antike dingen. Doe't er yn 1926 stoar, die bliken dat dy kolleksje ûnmisber foar de universiteit wie. Om de samling foar ûndersyk en ûnderwiis keapje te kinnen, waard 1932 de Allard Pierson Stichting oprjochte troch Allard Pierson syn soan Jan Lodewijk Pierson Sr.. De kolleksje waard ûnderbrocht yn in pân oan de Weesperzijde yn Amsterdam; de boppeste ferdjipping tsjinne fan 1931 ôf as museum.

Op 12 novimber 1934, neidat de kolleksje bot útwreide wie, wie de offisjele oprjochting fan it Allard Pierson Museum, oan de Sarphatistrjitte 129-131, hoeke Roetersstrjitte.

Ek dat pân waard te lyts, dat yn 1976 iepene Prinsesse Beatrix it gebou fan no, it eardere haadkantoar fan De Nederlandsche Bank oan de Oude Turfmarkt.

It museum hat in samling Egyptyske, Mesopotamyske, Grykske, Etruskyske en Romeinske âldheden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]