Allard Pierson

Ut Wikipedy
Allard Pierson

Allard Pierson (Amsterdam, 8 april 1831 - Lochem, 27 maaie 1896) wie in Nederlânsk predikant, teolooch, skied- en taalkundige.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allard Pierson, soan fan keapman Jan Lodewijk Gregory Pierson en de skriuwster Ida Oyens, wie de earste heechlearaar yn keunstskiednis, estetika en moderne talen en letteren oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy kaam út in begoedige Amsterdamse keapmansfamylje fan oansjen, dy't ta de rûnten fan It Réveil hearde. Hy waard predikant te Leuven, mar joech dit amt oer út reden fan syn moderne teologyske opfettings.
Yn 1870 waard Pierson heechlearaar teology te Heidelberch. Pierson wie fan 1877-1895 heechlearaar keunstskiednis, estetika en moderne talen en letteren te Amsterdam. Hy hearde ta de meast fynfielende geasten út it Nederlânske kulturele libben fan de 19e iuw. Hy lei ek in samling gipsôfjitsels oan fan 1877 oant 1895.

It Allard Pierson Museum fan de Universiteit fan Amsterdam hat syn namme krigen.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Boarne: Digitale Nederlânske Bibleteek - Allard Pierson [1])

  • Disquisitio historico-dogmatica de realismo et nominalismo (1854)
  • Bespiegeling, gezag en ervaring (1855)
  • Een pastory in den vreemde (1858)
  • Intimis (1861, 5e printinge 1881)
  • De oorsprong der moderne rigting (1862)
  • Rigting en leven (1863; 2e printingr 1883)
  • Adriaan de Mérival (1866)
  • Geschiedenis van het roomsch-katholicisme tot op het concilie van Trente (1868-1872)
  • Willem de Clercq naar zijn dagboek (1870-1873)
  • Eene levensbeschouwing (1878)
  • Studiën over Johannes Kalvijn (1881)
  • Gedichten (1882)
  • Wijsgeerig onderzoek. Kritische prolegomena van esthetiek (1882)
  • Nieuwe studiën over Johannes Kalvijn (1883)
  • Geestelijke voorouders. Deel 1: Israël (1887)
  • Geestelijke voorouders (4 delen) (1887-1907)
  • Oudere tijdgenooten (1888)
  • Jongere tijdgenoten (1889-1890)
  • Geestelijke voorouders. Deel 2: Hellas (1891-1893)
  • Hellas (1891-1893)
  • Het hellenisme (2 dielen) (1893)
  • Geestelijke voorouders. Deel 4: Byzantium (1902)
  • Geestelijke voorouders. Deel 3: Het Hellenisme (1907)
  • Het hellenisme. Diel 1: Athene Alexandrië Antiochië (1907)
  • Het hellenisme. Diel 2: Pergamum Rome (1907)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • P.L. Schram, Pierson, Allard, yn Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme (1983) [2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.dbnl.org
  2. www.inghist.nl