Alex Bein

Ut Wikipedy
Alex Bein
Alex Bein
Alex Bein
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexander Bein
nasjonaliteit Dútsk,
Israelysk
berne 21 jannewaris 1903
berteplak Steinach an der Saale
stoarn 20 juny 1988
stjerplak Stockholm Flagge fan Sweden
wurkpaad
berop/amt Argivaris
aktyf as Skiedkundige
bekendste
  wurk(en)
biografy fan Theodor Herzl
prizen Israelpriis (1987)

Alex Bein (Hebriuwsk: אלכסנדר ביין, berne as Alexander Bein; Steinach an der Saale, Dútslân 21 jannewaris 1903 - Stockholm, 20 juny 1988) wie in Dútsk-Israelysk skiedkundige en argivaris fan Joadsk komôf. Hy wie ien fan de earsten dy't de skiednis fan it Sionisme beskreau. Hy is it meast bekend fan syn biografy fan Theodor Herzl.

Alexander Bein waard berne yn in joadske húshâlding. Syn pake Salomon (Shlomo) Bein en heit Mosche Bein wiene foarbidder en de lêste ek learaar oan de Israelyske Folksskoalle yn Steinach. Mids juny 1912 ferfear de húshâlding nei Neurenberch. Nei in stúdzje skiednis yn Erlangen en Berlyn promovearre er yn 1926 yn Berlyn by Friedrich Meinecke mei in dissretaasje oer Alexander Hamilton. Fan 1927 oant 1933 wurke er by it Dútske Ryksargyf yn Potsdam. Sûnt 1933 wie er ynwenner fan Jeruzalem.

Alex Bein wie sûnt 1955 direkteur fan de Sintrale Sionistyske Argiven en tagelyk de earste steatsargivaris fan Israel (1956 oant 1971).[1]

Bein krige de Israelpriis yn 1987 as wurdearring foar syn ûndersyk nei- en de beskriuwing fan de skiednis fan it Sionisme.[2]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • Alex Bein (1980) Die Judenfrage : Biogr. e. Weltproblems (2 dielen) Stuttgart: Deutsche Verlags-Anstalt
    • Alex Bein, Harry Zohn (fertaling) (1990) The Jewish Question: Biography of a World Problem, ISBN 0-8386-3252-1
  • Alex Bein (1952) The Return to the Soil: a History of Jewish Settlement in Israel (oerset út Hebriuwsk troch Israel Schen)
  • Alex Bein (1949) Israel's Charter of Freedom
  • Alex Bein (1939) Der Zionismus und sein Werk
  • Alex Bein (1934) Theodor Herzl; Biographie. mit 63 Bildern und einer Ahnentafel.
    • Alex Bein, Maurice Samuel (oersetter), (1941) Theodore Herzl: A Biography of the Founder of the Modern Zionism

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "About the Author" in the translation of Bein's book The Jewish Question
  2. Israel Prize Official Site - ûntfangers yn 1987, 3 july 2009 [1]