Aleksander Severus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Búste fan Aleksander Severus, museum it Louvre, Parys

Severus Aleksander (208 - 235), meastentiids ek Aleksander Severus neamd, folút yn it Latyn as Marcus Aurelius Severus Alexander, wie keizer fan Rome fan 222 - 235. Hy hearde by de Serverus-dynasty en wie yn tsjinstelling fan syn neef Elagabalus dy't foar him keizer wie in evenredige en bedachtsume keizer.

Komôf[bewurkje seksje | edit source]

Aleksander Severus waard berne mei de Latynske namme Marcus Julius Gessius Alexianus' (of neffens oare boarnen Gessius Bassianus Alexianus) yn "Caesarea sub Libano" yn it tsjintwurdige Libanon. Troch syn beppe Julia Maesa waard hy nei foaren skood as erfgenamt fan de Romeinske keizer Elagabalus. Syn beppe beskerme him ek tsjinoer lettere besikings him út de wei te romjen. Elagabalus waard fermoarde en de jonge Aleksander Severus waard, yn earsten ûnder fâdij fan syn beppe en nei har dea fan syn mem Julia Mamaea, de nije keizer.

As neef fan syn foargonger Elagabalus hie Aleksander Severus it prysterskip fan El-Gabaal urven, mar hy makke fuort in ein oan dizze ymportearre religieuskse praktiken yn Rome, want de Romeinske befolking wie hjir frijwat op tsjin. Hy stjoerde de hillige stien fan Emesa werom nei Syrje en wijde de timpel fan Elagabalus op'e nij oan de Romeinske god Jupiter Ultor.

It Sassanidyse gefaar[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't de beide Julia's mei de jonge Severus Aleksander Rome wer in kundich en evenredich bestjoer joegen, ûntstie der al gau ûnrêst tsjin it froulju-bewâld. Underwilens hie der yn it oanswettende ryk fan de Parten in wichtige omwinteling west dy't tige gefaarlike feroaring ynhâlde foar it Romeinske rk. De Sassaniden hienen ûnder foarst Ardashir de macht oernomd fan it swakke bewâld fan de Parten. Dêrtroch waard de easterbuorman in bedriging fan belang. Hja foelen it Romeinske ryk yn en yn 230 gong de Romeinske provinsje Mesopotaamje ferlern en waard it hiele easten bedrige troch de Sassaniden.

Aleksander sette him mei it leger nei it easten en makke mei súkses in ein oan de Perzyske bedriging. Lykwols wie syn oanfal op de Sassaniden net it súkses dêr't hy op hope hie. De Romeinske provinsje Mesopotaamje koed er net werom feroverje. Syn tsingader Ardashir slagge deryn de wichtige oanfal op de stêd Ctesifon, net allinnich ôf te warren mar om te setten yn in Romeinske nederlaach fan formaat. Yn stee fan in oerwinning helje dy't foarfêst in ein meitsje soe oan de lêstige Perzen en Aleksander yn de fuotspoaren fan syn yllustere nammegenoat trede kind hie, moast hy him dellizze mei in soarte fan lykspul. It hindere Aleksander yn alle gefallen net om op 25 septimber 233 in oerwinningstaspraak te hâlden wêryn de nederlaach fan Ctesifon ferswijd waard.

Ein[bewurkje seksje | edit source]

Aleksander kaam as triomfator nei Rome werom, mar moast fuort mei it leger nei de Donau-grins dat bedrige waard troch Germaanske stammen. Hy ferlear it oansjen fan it leger doe't er de bedriging fan de Germanen mei ûnderhannelings oplosse woe ynstee fan kriichfiere. Yn 235 waarden hy en syn mem fermoarde as gefolch fan in militêre kûp en kaam de earste soldatekeizer Maksiminus Traks op de keizerlike troan.