Soldatekeizers

Ut Wikipedy
De soldatekeizer Desius liet him meastal ôfbyldzje yn soldateútrissing.

De soldatekeizers is de beneaming dy't jûn wurdt oan de rige keizers dy't elkoar snel opfolgen yn it tiidrek fan de Romeinske krisis fan de 3e iuw en dy't foar it meastepart troch harren opstannige legioenen ta keizer útroppen waarden. De keizers wiene oars as de keizers út de foarige iuwen, sy kamen út de provinsjes en hiene dêrtroch in oare eftergrûn as harren foargongers.

Dy keizers hiene muoite om't de grinzen fan it Imperium Romanum te ferdigenjen. It ryk wie feroare, stabiliteit hie plak makke foar ûnwissens en ûnrêst. De druk op de grinzen wie tanommen en ynterne problemen soargen dêrfoar dat sy amper yn Rome ferbleaun ûnder harren - meastal koarte - bewâld. Faak stoaren dy keizers yn it harnas, hoewol't sy de macht ek faak wer kwyt rekken oan oare foaroanmannen dy't fan betinking wienen dat sy it ryk better ferdigenje koenen as de destiidske soldatekeizer.

Oan it tiidrek fan de soldatekeizers soe pas in ein komme troch keizer Aurelianus dy't de macht fan it ryk werstelle koe.

Iere soldatekeizers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keizers fan it Imperium Galliarum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lette soldatekeizers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]