Ald-Zuilen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Ald-Zuilen
Komboerd Ald-Zuilen

Oud-Zuilen is in doarp oan de rivier de Fecht, yn de gemeente Stichtse Vecht, yn de provinsje Utert.

Tekenen fan earste bewenning binne der om 700 hinne op it lângoed Swesen. Yn de 13e ieu is der foar it earst sprake fan Zuilen.

Om 1900 wurdt troch de yndustrialisaasje in útwreiding fan it doarp realisearre meidat de bedriuwen Werkspoor en Demka har fêstigen oan it Amsterdam-Rynkanaal. Dizze útwreiding, dy't hielendal lost stie fan it doarp, waard Nij Zuilen neamd. Nij Zuilen waard yn 1954 anneksearre troch de stêd Utert en leit no yn de wyk Noardwest.

It besjen wurdich [bewurkje seksje]

Bibliografy [bewurkje seksje]

  • J.E.A.L. Struick - Zuilen. Utert, Het Spectrum, 1973. 122 siden

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: