Slot Zuylen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Slot Zuylen mei slangemuorre
Slot Zuylen

It Kastiel fan Zuylen, meast Slot Zuylen, is in kastiel yn Ald-Zuilen, oan de rivier de Fecht en de mienskiplike Stichtse Fecht, yn de provinsje Utert, tichtby de stêd Utert. It kastiel waard boud yn de 13e ieu.

Yn de 13e ieu liet in hear Fan Sulens, stamfaar fan de famylje Van Zuylen fan Nijevelt, in toer bouwe dy't yn de 14e ieu útwreide waard mei in grutte keamer. Yn it begjin fan de 15e ieu, doe't it laach Van Zuylen gjin manlike erfgenamten hie, wurdt it yn hannen jûn oan Van Borssele famylje fan hege adel -Seelân. Frank fan Borselen erft it yn 1422, mar hat der net folle foardiel fan: yn dat jier, as ûnderdiel fan de Oarloch fan Hoeken en Kabbeljauwen, nimme de Hoeksen it kastiel yn.
Yn 1510 lit de hear Willem fan Rennenberg it kastiel restaurearje. De eigener fan it kastiel krijt in fêste sit yn de ried fan it Prinsdom fan Utert. Syn neikommelingen, wêrûnder Georges de Lalaing en it hûs fan Egmont, wurdt eigener oant 1610, doe waard it kastiel ferkocht oan in rike keapman út Amsterdam, Jasper Quinget. Seis jier letter, ferkocht dy it kastiel oan syn kollega Adam fan Lockhorst.

It kastiel yn de achttjinde ieu[bewurkje seksje | edit source]

Dêrnei keapet de famylje Van Tuyll Serooskerken it kastiel en it domein. De lêste grutte feroarings yn it haadgebou wurd yn 1752 dien. Sûnttiids is it haadgebou net folle feroare. It kastiel is noch altiten eigendom fan dizze famylje, yn it jier 1950, Frederik Christiaan Constantijn van Tuyll van Serooskerken feriene it kastiel mei de tunen. Dêrnei ha der in soad restauraasjes west. Tsjintwurdich is der in museum yn fêstige.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

It kastiel leit yn in park fan ûngefear 1,5 ha, mei in slangemuorre der omhinne fan ûngefear 120 m lingte. Tusken it kastiel en de rivier de Fecht is in tsjerkje, ek in histoarysk monumint, boud op basis fan in âlde kapel dy't by it kastiel hearde, mar baarnde ôf yn 1847. Om 2000 hinne waard ûnder de flier fan dit tsjerkje in grêfstien fûn fan Lord Van Rennenberg.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]