Albert Cristina

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Albert Christina
Namme Albert Christina
Bertedatum 18 novimber 1970
Berteplak Willemstêd, Nederlânske Antillen
Grutte 1,94 m
Sportive ynfo
Sport Follybal
Olympyske Spullen 2000, 2004
Wichtige prestaasjes
Med 1.png EK 1997

Albert Maximo Cristina (Willemstêd, (Nederlânske Antillen), 18 novimber 1970) is in eardere Nederlânsk follybalspiler út Amersfoart.

Hy die twarris mei oan de Olympyske Spullen, op de Simmerspullen fan 2000 yn Sydney waard er mei de Nederlânske ploech fiifde. Ek die er mei oan de Simmerspullen fan 2004, yn Atene waard er doe njoggende mei de ploech. Op it Europeesk kampioenskip yn 1997 waard er Europeesk kampioen. Yn totaal hat Albert Cristina 176 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Albert Cristina hat ûnder oare spile foar de follybalklups Piet Zoomers/D, Geldrop, ZVH, Zwolle, Roeselare, Omniworld en Nesselande. By ferskate klups hat er lânstitels wûn.

Nei syn aktive karriêre as follyballer is er follybaltrener wurden. Syn earste grutte súkses as trener helle er op 25 april 2011 doe't er mei syn ploech Rivium Rotterdam kampioen fan Nederlân waard troch Langhenkel Volley yn de finale te ferslaan. [2]

In skoftke letter, op 28 maaie, kaam nei foarren dat Cristina syn ûntslach yntsjinne hie by de Rotterdamske klup. Hy die dat fanwegen it ûntbrekken fan finansjele middels. [3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo
  2. "Volleyballers Rotterdam kampioen" NOS.nl, 25 april 2011
  3. "Coach Cristina dient ontslag in" NOS.nl, 28 maaie 2011