Achille Beltrame

Ut Wikipedy
Achille Beltrame
keunstner
Achille Beltrame
Achille Beltrame
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Italjaansk
berne 18 maart 1871
stoarn 19 febrewaris 1945
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, yllustrator en reklametekener
prizen Premio Mylius 1891

Achille Beltrame (Arzignano, 18 maart 1871 - Milaan, 19 febrewaris 1945), wie in Italiaanske keunstskilder, yllustrator en reklametekener. Syn namme is ûnskiedber ferbûn mei it wykblêd La Domenica del Corriere, dêr 't er de covers fan tekene fan de begjinwiken fan de tweintichste iuw oant de lêste wiken fan de Twadde Wrâldoarloch. Beltrame wie de offisjele omslachyllustrator fan La Domenica del Corriere oant 1945. Hy waard yn dy funksje opfolge troch syn learling Walter Molino.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Achille Beltrame waard berne yn Arzignano, flakby Vicenza, as soan fan Giovanni Battista en Teresa Brusarosco. As bern hied er al in soad niget oan tekenjen; hy besocht it Kollegio Rossi yn syn bertestêd en fan 1885 ôf de Regia Scuola Tecnica fan Vicenza. Neidat er yn 1886 de middelbere skoalle ôfrûne hie, besleat er om syn keunststúdzjes fuort te setten en ferhuze er nei Milaan dêr 't er by syn broer Oreste, in apoteker, ynwenne.

Yn Milaan studearre Beltrame skilderkeunst oan de Accademia di belle arti di Brera by Giuseppe Bertini. Hy krige de Premio Mylius yn 1891. Fan 1896 ôf wurke er as grafikus foar Casa Ricordi, dat yn 1900 in searje aansichtkaarten fan syn hân publisearre oer opera's en dûnsfeesten, en yn 1899 helle Luigi Albertini him nei Corriere della Sera om de sneinsbylage fan La Domenica del Corriere te ûntwerpen. Yn fjirtich jier makke Beltrame 4662 tekeningen, wêrûnder in grut tal foar- en eftersiden yn kleur foar de sneinskrante Domenica del Corriere, wêryn 't er aktuele barrens yllustrearre. Syn opfolger by Domenica del Corriere yn 1941 wie Walter Molino.

Op 7 febrewaris 1945 waard er by it kuierjen net goed en foel er flau. Hy ferlear it bewustwêzen en rekke yn koma en waard net mear wekker.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: