Springe nei ynhâld

Örnsköldsvik (stêd)

Ut Wikipedy
Örnsköldsvik
Lokaasje yn Jeropa

Tiid sône :
UTC +1/Simmer UTC 0
Flagge Wapen
Wapen fan Örnsköldsvik
Wapen fan Örnsköldsvik
Basisynformaasje
Gebiet
Tal ynwenners 28.617 Stêd
Tal ynwenners km² 23,97 km² Stêd
Regear
Lân Sweden
Konstituint lân Sweden
Regio Västernorrlands län
Administrative yndieling
Boargemaster
Politike partijen
Webside ornskoldsvik.se

Örnsköldsvik is de haadstêd fan de gemeente Örnsköldsvik yn it lânskip dat Ångermanland hjit en de provinsje Västernorrlands län yn Sweden. De stêd hat 28.617 ynwenners (2005) en een oerflakte fan 2397 hektare. De stêd leit oan in baai fan de Botnyske Golf. De allerearste Paralympyske Winterspullen waarden yn Örnsköldsvik hâlden.

De stêd is ferneamd nei Per Abraham Örnsköld (1720-1791), in Sweedske greve en landshövding (in beskate funksje yn it provinsjebestjoer). Örnsköldsvik betsjut letterlik fertaald 'Earnskyldsbaai'. Yn 1842 waard it plak in soarte fan merkplak (köping) en yn 1892 krige it stedsrjochten.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net fier fan de stêd rinne de Jeropeeske wei 4 en Länsväg 352. De stêd hat in stasjon oan de spoaren Västeraspby-Umeå en Mellansel-Örnsköldsvik.

In skip út dizze stêd, de bark Tripolia fergie yn 1881 op de kust fan Goeree-Oerflakkee.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Örnsköldsvik fan Wikimedia Commons.