École polytechnique
Appearance
École polytechnique | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | École polytechnique | |
Biedwurd | Pour la Patrie, les Sciences, la Gloire Foar it Heitelân, de Wittenskippen, de Gloarje | |
Lokaasje | ||
Plak | Parys | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1794 | |
Tal studinten | 2.400 (2021) | |
Netwurken | Conférence des grandes écoles, Conférence des directeurs des écoles françaises d'ingénieurs, Institut Polytechnique de Paris | |
Offisjele webside | ||
www.polytechnique.edu |
De École polytechnique (l’X) is in universiteit yn Parys, Frankryk. De universiteit waard yn 1794 stifte.[1]
De École polytechnique einiget faak hiel heech yn ynternasjonale listen fan goede universiteiten.[2]
Ferneamde studinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- André-Marie Ampère, Frânsk natuerkundige, dy't sjoen wurdt as ien fan de ûntdekkers fan de elektrisiteit
- Pierre Berthier, Frânsk mineralooch en geolooch
- Auguste Comte, Frânsk wiskundige en filosoof
- Valéry Giscard d'Estaing, Frânsk konservatyf politikus dy't fan 1974 oant 1981 tsjinne as presidint fan Frankryk
- Robert Nivelle, Frânske generaal
- Constant Puyo, Frânske fotograaf dy't ta de streaming fan it pikturalisme rekkene wurdt
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Commons: École polytechnique – foto, fideo en harktriemmen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|