Springe nei ynhâld

Institut polytechnique de Paris

Ut Wikipedy
Institut polytechnique de Paris
Namme
Latynske nammeInstitutum Polytechnicum Parisiense
Lokaasje
LânFrankryk
PlakPalaiseau
Oare bysûnderheden
Oprjochting2019
RektorEric Labaye
Tal studinten9.000
NetwurkenConférence des grandes écoles
Offisjele webside
www.ip-paris.fr

It Institut polytechnique de Paris, of IP Paris is in universiteit yn Palaiseau, in foarstêd fan Parys, mei likernôch 9.000 studinten. IP Paris is op akademysk mêd ien fan de bêste universiteiten fan de wrâld[1]. IP Paris is in universiteit op it mêd fan natoerwittenskippen, technology, bestjoerskunde, ekonomy, taalkunde, politike wittenskippen en filosofy.

De universiteit is lid fan de Conférence des Grandes Écoles, in groep fan algemien wittenskiplik oriïntearre technyske elite-hegeskoallen. Mei in multydissiplinêr kurrikulum liedt hja binnen trije jier yngenieurs op heech nivo op, dy 't dêrnei foaral yn de yndustry wurkje sille. It doel fan de oplieding is it saneamde yngenieursdiploma "Ingénieur IP Paris", dat oerienkomt mei in masterdiploma.

Op 15 septimber 2020 rjochte it ynstitút tegearre mei HEC Paris it ûndersykssintrum foar keunstmjittige yntelliginsje Hi! PARIS op.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Institut Polytechnique de Paris