Wurdgroep
In wurdgroep as konsituïnt is yn de sinlear in groep fan ien as mear wurden dy't him as in ienheid hâldt yn de sinsstruktuer. De wurdgroep kin dêrby nei funksje opdield wurde, lykas de wurden neffens wurdsoarte beneamd wurde.
Opdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurdgroepen drage by oan de betsjutting fan in sin, neffens de funksje dy't hja hawwe. Foar alle funksjes kin it om ien wurd gean as om in groep fan wurden.
- Haadwurdgroepen
De haadwurdgroep is in wurdgroep dy't ferwiist nei in begryp. Sa'n wurdgroep kin brûkt wurde mei in persoansfoarm, en in haadwurd is it haad fan sa'n wurdgroep.
- Tiidwurdgroepen
Prosessen, hannelingen of tiidsôfhinklike wurd(-en) foarmje de tiidwurdgroepen. It tiidwurd is it haad fan sa'n wurdgroep.
- Ferhâldingswurdgroepen
Ferhâldingswurdgroepen binne wurdgroepen dy't mei in ferhâldingswurd begjinne; dat ferhâldingswurd is it haad fan sa'n wurdgroep.
- Eigenskipswurdgroepen
Eigenskipswurdgroepen binne wurdgroepen dêr't in eigenskipswurd it haad fan is. As tige belangrike basis foar in eigenskipswurdgroep wurdt ornaris in bywurd brûkt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - Wurdgroep