Ferhâldingswurd
Appearance
Ferhâldingswurden binne in wurdsoarte. De neikommende wurden kinne ta de ferhâldingswurden rekkene wurde: yn, op, bûten, binnen, fan, nei, foar, ûnder, boppe, fia, neffens, troch. Lykas de namme seit, wurdt mei in ferhâldingswurd in beskate ferhâlding útdrukt tusken wat efter dat ferhâldingswurd stiet en in oare saak of persoan. Mar dy ferhâlding kin hieltyd oars wêze. Ferhâldingswurden kinne trije semantyske betsjuttings ha:
- Unbeskaat: dat is foar Sybren, dat jild is fan him, it komt troch de sykte.
- Plak: efter it hûs, nei de tsjerke, op de toer, foar Snits, fia It Hearrenfean.
- Tiid: nei de simmer, foar de maitiid, foar nije wike.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Wikiwurdboek: ferhâldingswurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika