Springe nei ynhâld

Tentoanstelling

Ut Wikipedy
De tentoanstelling fan keunstobjekten yn in museum.

In tentoanstelling of útstalling is in gelegenheid wêrby't ien of mear persoanen of organisaasjes beskate foarwerpen sjen litte op in folslein of beheind iepenbier tagonklike lokaasje oan in publyk besteande út partikulieren of fertsjintwurdigers fan bedriuwen. Oare nammen foar in tentoanstelling binne eksposysje (fan it Latynske expositio fia it Aldfrânske esposicion, "oanbieding"), expo (in ferkoarting fan 'eksposysje', ek brûkt foar fakbeurzen) en ekshibysje (fan it Latynske exhibitus, "ik lit sjen"). De saken dy't by tentoanstellings ter besichtiging oanbean wurde, binne yn 'e regel keunstobjekten (skilderijen, byldhouwurken, foto's, ensfh.) of foarwerpen fan histoaryske wearde, mar kinne ek mear kommersjeel rjochte wêze, lykas op fak- en hannelsbeurzen. In dieretún soe ek as in tentoanstelling beskôge wurde kinne, te witten fan libbene bisten.

Hoewol't tentoanstellings yn prinsipe oeral holden wurde kinne, komme se ornaris benammen foar yn museä, keunstgalleryen en ekspohallen. Krektsa soe in tentoanstelling út ien inkeld foarwerp bestean kinne, mar yn 'e regel leit yn 'e oantsjutting besletten dat it om in kolleksje giet fan faak besibbe objekten, dy't bygelyks troch deselde keunstner makke binne, ta deselde keunststreaming hearre, út itselde histoaryske tiidrek datearje of fan deselde kultuer ôfkomstich binne. Tentoanstellings kinne foar fêst of tydlik wêze. De measte museä hawwe in fêste kolleksje dy't oanhâldend te besichtigjen is (útsein as guon foarwerpen útliend binne oan oare museä), wylst se dêrnjonken romte hâlde foar wikseljende, tydlike eksposysjes, wêrmei't se in fêst publyk fan museumgongers oanhâldend op 'e nij besykje te lokjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.