Polymear

Ut Wikipedy
Syndiotaktysk polypropyleen.

In polymear (Gryksk: poly is folle en meros is part) is in molekule dat bestiet út in sekwinsje fan identike of soartgelikense ûnderdielen (monomear) dy't oaninoar keppele binne.

De offisjele definysje útwurke troch de OESO yn 1991 (Toronto):

  • In polymear moat bestean út in mearderheid (> 50% gewichtspersint) oan molekulen besteande út op syn minst 3 monomear-ienheden dy't mei atoombinings ferbûn binne oan op syn minst ien oare monomear-ienheid of oare reaktant.
  • Der mei gjin mearderheid (> 50% gewichtspersint) oanwêzich wêze oan molekulen fan itselde molekulêre gewicht.
  • De molekulen dy't it polymear útmeitsje moatte in distribúsje fertoane wêryn de ferskillen fan molekulêr gewicht primordiaal te witen binne oan ferskillen yn it oantal monomeare ienheden.

Dizze nije definysje hat as gefolch dat der yn de Jeropeeske wetjouwing no ek in list bestiet fan "No Longer Polymers" NLP-NoLongerPolymers (net mear polymearen). Dit is in list fan stoffen dy't yn 1982, by de meitsjen fan de EINECS noch sjoen waarden as polymearen, mar troch de feroaring fan de wetjouwing dêroer, harren status as polymear ferlern hawwe.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]