Zsa Zsa Gábor
Zsa Zsa Gábor | ||
akteur | ||
Trailer fan Lili, 1953 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sari Gábor | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 febrewaris 1917 | |
berteplak | Boedapest, Eastenryk-Hongarije | |
stoarn | 18 desimber 2016 | |
stjerplak | Los Angeles | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
jierren aktyf | 1951-1996 | |
prizen | Miss Hongarije | |
offisjele webside | ||
Gábor yn de IMDB |
Zsa Zsa Gábor (Boedapest, 6 febrewaris 1917 - Los Angeles, 18 desimber 2016), berne as Sari Gábor, wie in Hongaarsk-Amerikaansk aktrise. Sy en har twa susters Magda (1917-1997) en Eva (1921-1995) wiene ferneamd om harren skientme en net yn 't foarste plak fanwegen harren akteartalint. Zsa Zsa stie ek bekend om har leafde foar juwielen en har sneedskens.
Gábor wie Miss Hongarije yn 1936.
Sûnt 2007 wie hja yn it nijs fanwegen finansjele swierricheden en tebekrinnende sûnens. Uteinlik waard in hertoanfal op 18 desimber 2016 har fataal.
Houliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gábor is yn totaal njoggen kear troud:
- 1937: Burhan Belge. Oant 1941.
- 1942: Conrad Hilton. Ien dochter: Constance Francesca Hilton, neffens Gabor oanset nei in ferkrêfting troch har man. Skieding yn 1947
- 1949: George Sanders. Se skieden yn 1954, wêrnei't hy mei har suster Magda troude. Uiteinlik die hy himsels te koart.
- 1964: Herbert Hunter. Skieding yn 1966.
- 1966: Joshua S. Cosden, Jr. Skieding yn 1967.
- 1975: Jack Ryan. Hy wie útfiner en wurdt yn ferbân brocht mei de Barbiepoppe. Skieding yn 1976.
- 1977: Michael O'Hara. Oant 1982.
- 1983: Felipe de Alba (13 - 14 april 1983). Unjildich ferklearre meidat dejinge dy't it houlik slute dêrta gjin foech hie.
- 1986: Frederick Prinz von Anhalt. Hy is net berne as prins, mar krige dizze namme troch him adoptearje te litten.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under oaren:
- Moulin Rouge - (1952) as Jane Avril
- Lili - (1953)
- The Girl in the Kremlin - (1957) dûbelrol
- Touch of Evil - (1958) as eignaresse fan in stripclub
- Queen of Outer Space - (1958)
Hja spile dêrnei noch in soad rollen yn films en op telefyzje, mar har aktearkwaliteit gie hieltyd mear efterút. Har lettere karriêre wie mear dy fan in 'VIP' yn stee fan in aktrise. Nei de jierren 60 hie hja noch wolris gastrollen yn films.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Zsa Zsa Gabor mei Gerold Frank, Zsa Zsa Gabor, My Story, The World Publishing Company, 1960.
- Zsa Zsa Gabor, How to Catch a Man, How to Keep a Man, and How to Get Rid of a Man, Doubleday, 1970.
- Zsa Zsa Gabor, assistinsje en redaksje troch Wendy Leigh, One Lifetime Is Not Enough, Delacorte Press, 1991. ISBN 0-385-29882-X
- Anthony Turtu en Donald F Reuter, Gaborabilia, Three Rivers Press, 2001. ISBN 0-609-80759-5
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hongaarsk toanielakteur
- Hongaarsk telefyzje-akteur
- Hongaarsk filmakteur
- Hongaarsk sjonger
- Hongaarsk misdieslachtoffer
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk misdieslachtoffer
- Ferkrêftingsslachtoffer
- Miss Hongarije
- Hongaarsk persoan fan Joadsk komôf
- Hongaarsk persoan fan Eastenryksk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Hongaarsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Eastenryksk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Hongaarsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1917
- Persoan stoarn yn 2016