Sosimus
Sosimus (Latyn: Zosimus; fl. 490-er oant 510-er jierren), wie in Byzantynsk histoarysk skriuwer, dy't suksesfol wie yn Konstantinopel ûnder it bewâld fan de Romeinske keizer Anastasius I (491 - 518). Neffens Photius wied Sosimus in comes (greve), en ponghâlder fan de keizerlike skatkiste. Yn de midsiuwen stie hy bekend as in heidenske skriuwer.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wichtichste wurk dat Sosimus skreaun hat, is Nije Histoary en omfieme seis boeken. Syn ierste boeken wienen benammen in gearstalling fan eardere skriuwers (Deksippus, Eunapius, Olympiodoarus): yn it earste boek jout er yn it koart de skiednis fan de iere keizers fan Augustus ôf oant Diokletianus; it twadde, tredde en fjirde boek giet mear yn detail oer it tiidrek fan de troansbestiging troch Konstantius Kloarus en Galearius ôf oant de dea fan Teodoasius I; de fiifde en seisde boeken, binne it meast brûkber foar histoarisy en omfiemje it tiidrek tusken 395 en 410. Benammen foar de ein fan dat tiidrek is Sosimus de wichtichste, net-tsjerklike boarne. Syn wurk, dat net folsein oerlevere is, waard nei alle gedachten skreaun tusken 498 en 518.