Zeldenrust (Dokkum)
Seldenrêst | ||
mûne / mole | ||
De Seldenrêst yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Dokkum | |
adres | Baantjebolwurk | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 59' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôt- en pelmûne | |
flecht | 22 meter | |
boujier | 1862 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 13097 | |
Webside | ||
St. Monumintebehâld NEF | ||
Kaart | ||
De Zeldenrust ('Seldenrêst') is in nôt- en pelmûne yn Dokkum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mûne is foar it stedsoansjen fan de stêd fan tige grut belang.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1862 boud op it plak, dêr't de yn 1861 ôfbaarnde Trijepypstermûne stie. De Trijepypstermûne stie der nei alle gedachten al sûnt 1753. Foar dy tiid stie op it plak in standermûne.[1]
Grutte restauraasjes fan de mûne hawwe yn 1968-1969, 1995 en 2010-2011 plakfûn.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Seldenrêst is in achtkante stellingmûne mei in stiennen ûnderbou en in houten, reiddutsen romp mei kape. De stelling hat in hichte fan 8,85 meter en de wjukken binne Aldhollânsk ophekt en hawwe in flecht fan 22 meter. De Seldenrêst is boud as pel- en nôtmûne en is dat noch jimmeroan. Eigener is de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, dy't sûnt de gemeentefúzje yn 2022 de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân hjit.
De Hoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side De Hoop (Dokkum).
De oare Dokkumer mûne op ien fan 'e bolwurken is De Hoop.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2015 presintearren de Dokkumers Warner Banga en Karel Jongsma fan de wurkgroep 'Molenerf' in plan om in tredde mûne op ien fan de Dokkumer bolwurken te bouwen. De doetiidske gemeente Dongeradiel wiisde oardel jier letter it inisjatyf fan de wurkgroep ôf, om't it plan net passe soe yn de romtlike oardening en it bestimmingsplan. De gemeente omskreau in rekonstruksje fan de mûne op it plak as in 'nijboud dekorstik'.[2][3]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|