Zabriskie Point
Appearance
Zabriskie Point is in bekend útsjochpunt yn it Death Valley National Park yn Kalifornje. It is ien fan de hjitste plakken op ierde en wurdt skaaimerke troch syn pastelkleurich, weagjend dúnlânskip dêr't sa goed as neat libbet.
It plak is ferneamd nei de Amerikaanske sakeman en ûnderdirekteur fan de Pacific Coast Borax Company: Christian Brevoort Zabriskie (1864 - 1936).
Zabriskie Point is ek de titel fan in film fan Michelangelo Antonioni út 1970. In lyts part fan de film spiet him ek werklik op dit plak ôf.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zabriskie Point fan Wikimedia Commons. |