Springe nei ynhâld

Ząbrowo (Stare Pole)

Ut Wikipedy
Ząbrowo
Sommerau
De histoaryske tsjerke fan Ząbrowo
De histoaryske tsjerke fan Ząbrowo
Bestjoer
Lân Poalen
WoiwodskipPommeren
PowiatMalborski
GminaStare Pole
Sifers
Ynwennertal423 (2021)
Oar
Postkoade82-220
Netnûmer+48 55
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Kaart
Ząbrowo (Poalen)
Ząbrowo
Lokaasje fan Ząbrowo yn Poalen

Ząbrowo (Dútsk: Sommerau) is in doarp yn in noarden fan Poalen, yn it woiwodskip Pommeren, yn it distrikt Malbork (Marienburg), sa'n 50 km súdeastlik fan de regiohaadstêd Danzig. It doarp hat 423 ynwenners. Oan de westrâne rint de rivier de Nogat, in 62 km lange earm fan de Weichsel.

Neidat de ynwenners út 'e omkriten ferskate kearen om in oersett oer de Wisła (Weichsel) by Sommerau frege hiene — fanwegen it gefaar foar minske en bist troch it hege wetter — ferliende George Kostka yn 1603 de herberchier fan it doarp it rjocht om in oerset te eksploitearen. De doarpsbewenners moasten dêr alle jierren trije mark foar betelje.

It doarp Sommerau hearde sûnt 1818 by 'e lânkring Mariënburch yn West-Prusen. Troch de jierren hinne feroare de bestjoerlike yndieling ferskate kearen: oant 1920 foel it ûnder de provinsje West-Prusen, tusken 1920 en 1939 hearde it by East-Prusen, en yn 'e Twadde Wrâldkriich makke it diel út fan it saneamde Reichsgau Danzig-Westpreußen.

Troch it Ferdrach fan Versailles moast de befolking yn it stimgebiet Marienwerder op 11 july 1920 stimme oer de fraach oft hja by Dútslân bliuwe woene of by Poalen hearre woene. Yn Sommerau wie de útslach dúdlik: 253 ynwenners stimden foar Dútslân (West-Prusen), wylst der mar 7 stimmen foar Poalen útbrocht waarden.

Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich, yn 'e maitiid fan 1945, waard Sommerau beset troch it Reade Leger. Nei de oarloch waard it doarp yn 'e simmer fan 1945 neffens de ôfspraken fan 'e Konferinsje fan Potsdam tegearre mei West-Prusen en it súdlike part fan East-Prusen ûnderdiel fan 'e Folksrepublyk Poalen. Fuort dêrnei sette de komst fan Poalske kolonisten útein. De oarspronklike Dútske ynwenners dy't noch net flechte wiene, waarden yn 'e tiid dy't folge út Ząbrowo ferdreaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: