Springe nei ynhâld

Ytsmastate

Ut Wikipedy

Ytsmastate, ek: Scheltemastate (Wierum) lei westlik fan Wierum, gemeente Dongeradiel, nei alle gedachten healwei it doarp en Poutsmastate. Fan de stins/state is neat werom te finen, sels gjin fûneminten. It staterrein is no boulân.

Yn it doarp Wierum binne de midsiuwske goederen minder maklik nei te gean as yn oare doarpen. Nei alle gedachten wienen de dykslêsten dêr sa heech, dat gjin floreenbelesting betelle hoegde te wurden. Dêrtroch ûntbrekke floreenkohieren en is de keppeling oan it kadaster in drege saak. It wichtichste hûs yn Wierum wie Ytsma. Dêrneist wie Poutsma in belangryk goed.

Fan it uterlik fan de state is neat bekend. Resten yn de foarm fan in wier of in grêft binne net bewarre. Sels oer de krekte lizzing kinne oant no mar hypotetyske útspraken dien wurde. Yndirekt - troch de pachtersnamme - wurdt it goed yn 1511 neamd as Yttien; eksplisyt is der yn 1543 sprake fan Ald Ythieme gued. De Ytsma's stoaren yn manlike line yn de midden fan de 16e iuw út.

Eigeners/bewenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Werp Ytsma.
  • Rienck Ytsma, troud mei Wits Tiaerda fan Ie.
  • Werp Donia/Ytsma, yn 1511 eigener fan Aytzia te Wierum
  • Tietke Ytsma, troud mei Gabbe Scheltema fan Ferwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: