Ynternasjonale Reade Krús

Ut Wikipedy
Comité international de la croix rouge

It Ynternasjonale Komitee fan it Reade Krús (ICRC), stifte op 17 febrewaris 1863, is in neutrale ûnôfhinklike humanitêre ynstelling mei haadsetel yn Genève.

It Komitee besiket op basis fan de Ferdragen fan Genève de slachtoffers fan ynternasjonale oarloggen en boargeroarloggen te beskermjen en by te stean. It opereart as neutrale tuskenpersoan yn gefal fan wapene konflikten en ûnlusten.

It Komitee beweitst de tapassing fan de ynternasjonale humanitêre konvinsjes, ferspriedet kennis deroer en wurket oan de ûntwikkeling derfan.

Boppedat biedt it Ynternasjonale Komitee fan it Reade Krús humanitêre help oan oarlochsslachtoffers, spoart fermiste persoanen op, besiket skieden famyljes te werienjen en besiket finzenen.

Yn 1917, 1944 en 1963 krige de ynstelling de Nobelpriis foar de Frede; yn 1996 krige it de Balzanpriis.