Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas
Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas Dallas International Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Teksas | |
county | Dallas County | |
plak | Dallas | |
tiid fan it jier | maart/april | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | DIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2007 – no | |
org. troch | Dallas Film Society | |
offisjele webside | ||
www.dallasfilm.org |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas (Ingelsk: Dallas International Film Festival), soms ôfkoarte ta DIFF, is in filmfestival dat elts jier yn maart en april holden wurdt yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Teksas.
It evenemint wurdt organisearre troch de Dallas Film Society, dy't oprjochte waard yn 2006. De earste edysje fûn plak yn 2007, doe noch ûnder de namme Ynternasjonaal AFI-Filmfestival fan Dallas (AFI Dallas International Film Festival), sponsore troch it Amerikaansk Filmynstitút (AFI). De hjoeddeistige namme naam it evenemint oan yn 2010.
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Dallas wurde de Star Awards útrikt, wêrfan't de namme ferwiisd nei sawol de 'Iensume Stjer' op 'e flagge fan Teksas (dat dêrom wol de Lone Star State neamd wurdt) as nei de stjerren fan 'e filmyndustry.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |