Springe nei ynhâld

Ynstrumintelâningssysteem

Ut Wikipedy

It ynstrumintelâningssysteem (Ingelsk: instrument landing system, ILS) is in radionavigaasjesysteem dat in piloat fan in fleantúch horizontale en fertikale begelieding jout by it neierjen fan in lâningsbaan. Hjirby wurdt brûk makke fan twa ferskillende radiosinjalen. Op in ynstrumint dat oansletten is op in ûntfanger kin in piloat sjen oft hy rjocht foar de baan en op de goede hichte fljocht. Op dizze wize kin in lâning ek by (tige) min sicht útfierd wurde.

Fisualisaasje fan de localizer- en de glideslope-sinjalen.

Der binne twa haadkomponinten dy't meielkoar in ILS foarmje:

  • De localizer-antennes stjoere in sinjaal út dat brûkt wurdt om nei te gean oft de koers fan it fleantúch oanpast wurde moat om rjocht foar de baan te kommen (horizontale begelieding).
  • De glideslope-antennes stjoere in sinjaal út wêrmei't in piloat sjen kin oft er op de goede hichte fljocht yn ferhâlding ta de ideale daalhoeke (fertikale begelieding).
De course deviation indicator (CDI). Hjir moat de piloat nei rjochts en nei boppe ta korrizjearje.

De localizer (ôfkoarte ta LOC) bestiet út in rige antennes foarby de ein fan de lâningsbaan. Twa toanen wurde útstjoerd op ien fan de fjirtich beskikbere ILS-kanalen tusken 108 MHz en 112 MHz. Ien is modulearre op 90 Hz en de oare op 150 Hz, mar beide binne like sterk.

As de ûntfanger yn it fleantúch ien fan dizze toanen krêftiger binnenkriget as de oare, dan fljocht it fleantúch net rjocht foar de baan. De nuddel fan it oangeande ynstrumint yn de cockpit, bygelyks de course deviation indicator (CDI), stiet dan net yn it midden. Sa kin in piloat sjen oft en hoe't er korrizjearje moat.

It stasjon fan de glideslope (glydpaad; ôfkoarte ta GS of GP) bestiet út in tal fertikaal pleatste antennes op in peal dy't benjonken de baan en hûndert meter foar de lâningssône (touchdown zone) stiet. It glideslope-sinjaal mei de toanen fan 90 Hz en 150 Hz wurdt útstjoerd op in draachfrekwinsje tusken 329,15 MHz en 335 MHz, op deselde wize as it localizer-sinjaal. De antennehichte bepaalt de daalhoeke nei de baan, dy't meastentiids sa'n trije graden is.

Kriget de ûntfanger yn it fleantúch ien fan beide toanen krêftiger binnen as de oare, dan fljocht it fleantúch te heech of te leech oangeande de daalhoeke fan trije graden. De trijehoekjes oan wjerskanten fan de CDI jouwe dan oan oft en hoe't der korrizjearre wurde moat.

Somtiden beskikt in ILS oer marker beacons (merkbeakens), dy't op in draachfrekwinsje van 75 MHz rjocht omheech radiosinjalen útstjoere. By it oerfleanen fan dizze markers wurde der yn de cockpit ljocht- en lûdssinjalen jûn om de ôfstân ta de lâningsbaan oan te jaan. Sa kin in piloat neigean oft de hichte fan it fleantúch oerienkomt mei de hichte dy't heart by dy ôfstân. Tichter nei de baan ta wurde de lûdssinjalen koarter en heger fan toan.

Outer marker (OM)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Blauwe outer marker

De outer marker (bûtenmerkbeaken) stiet yn de regel 7,2 kilometer (3,9 nautyske milen) foar de baandrompel, of it moat wêze dat dat net mooglik is. De outer marker mei dan op in oar plak stean, mar altyd minimaal 6,5 kilometer (3,5 nautyske milen) en maksimaal 11,1 kilometer (6,0 nautyske milen) foar de baandrompel. It sinjaal bestiet út lange toanen mei in frekwinsje fan 400 Hz. By it oerfleanen ljochtet der yn de cockpit in blau lampke op. De outer marker wurdt brûkt om nei te gean oft de hichte fan it fleantúch ynoarder is.

Middle marker (MM)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Giele middle marker

De middle marker (middenmerkbeaken) stiet goed 1066 meter foar de baandrompel en jout it punt oan dêr't der by min sicht fisueel kontakt mei de lâningsbaan wêze moat. Is dat net it gefal, dan mei de lâning net trochsetten wurde. It sinjaal bestiet út ôfwikseljend koarte en lange toanen mei in frekwinsje fan 1,3 kHz. By it oerfleanen ljochtet yn de cockpit in giel lampke op.

Inner marker (IM)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wite inner marker

De inner marker (binnenmerkbeaken) stiet sa'n 305 meter (1000 foet) foar it begjin fan de lâningsbaan om, by min sicht, oan te jaan dat de lâningsbaan tichtby is. It sinjaal bestiet út koarte toanen mei in frekwinsje fan 3,0 kHz. Yn de cockpit ljochtet by it oerfleanen in wyt lampke op.

De inner marker wurdt yn de boargerloftfeart oer de hiele wrâld eins net mear brûkt. Allinnich de militêre loftfeart wol der noch wolris brûk fan meitsje.

Distance measuring equipment (ôfstânmjitapparatuer), meastentiids ôfkoarte ta DME, soarget derfoar dat in piloat de ôfstân ta de lâningsbaan wit. Dit systeem wurdt faak yn kombinaasje mei of ynstee fan marker beacons brûkt. Twa wichtige foardielen fan DME binne dat de apparatuer op it fleanfjild stiet en dat in piloat hieltiten de ôfstân ta de lâningsbaan ôflêze kin op in ynstrumint yn de cockpit. It DME-sinjaal kin keppele wurde oan it ILS-sinjaal. Mei it ynstellen fan de ILS-frekwinsje op de radio wurdt dan automatysk DME selektearre.

ILS-apparatuer kin nei kapasiteiten opdield wurde yn trije haadkategoryen. De tredde kategory is fierder opdield yn trije subkategoryen. De ynformaasje hjirûnder is sa't de ICAO dy oanbiedt.

Kategory Decision height (DH)* Runway visual range (RVR)**
CAT I Net ûnder de 200 ft (60 m) Net ûnder de 550 m of in meteorologysk sicht fan net ûnder de 800 m
CAT II Under de 200 ft mar net ûnder de 100 ft (30 m) Net ûnder de 300 m
CAT III A Under de 100 ft Net ûnder de 200 m
CAT III B Under de 50 ft (15 m) of gjin Under de 200 m mar net ûnder de 75 m
CAT III C Gjin Gjin
* De decision height (beslúthichte) is de hichte dêr't de piloat fisueel kontakt mei de lâningsbaan hawwe moat. Is dat net it gefal, dan mei de lâning net trochsetten wurde.

** Runway visual range (baansicht) is de lingte fan de lâningsbaan, ynklusyf de markearrings of de ferljochting dêrfan, dy't waarnommen wurde kin troch de piloat fan in fleantúch.