Springe nei ynhâld

Ynstitút

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ynstituten)

In ynstitút is in organisaasje dy't oprjochte is foar in dúdlik ôfbeakene doel. Dêrby giet it faak om ynstellings op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk, mar it binne ek gauris organisaasjes út it ûnderwiis. Yn dat lêste gefal giet it faak om spesjalistysk beropsûnderwiis of om folwoeksene-ûnderwiis. Ek komt it foar dat ynstituten ûnderdiel útmeitsje fan in universiteit, dêr't se dan almeast ien fakulteit omfiemje, lykas it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins. It wurd 'ynstitút' komt fia it Frânske institut fan it Latynske institutum, dat "gewoante" of "fasiliteit" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.