Springe nei ynhâld

Organisaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ynstânsje)
Ynstelling wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: ynstelling (betsjuttingsside).

In organisaasje (fan it Frânske organisation) is een gearbondeling fan kennis, feardichheden en krêft tusken trije of mear persoanen dy't benammen middels en aktiviteiten ynset om te foarsjen yn in ferlet oan produkten en/of tsjinsten yn it direkte om-en-by. Synonimen binne ynstelling, ynstânsje (fan it Frânske instance) en ynstitút (fan it Frânske institut). Organisaasjes binne opboud út 'e inoar oanfoljende begripen taakferdieling en koördinaasje. Yn 'e ekonomy wurdt in organisaasje beskôge as it gehiel fan produksjefaktoaren, prosedueres en minsken dy't gearwurkje om beskate doelstellings te berikken. As sprektaalterm wurdt 'organisaasje' faak as synonym brûkt foar in bedriuw, stifting of feriening. Ek by ienmansbedriuwen is dat it gefal, hoewol't ien persoan strikt nommen gjin organisaasje foarmje kin.

Eltse organisaasje stipet op trije basispylders, de saneamde trije k's:

  • kennis: dêrûnder wurdt alle wittenskip beflapt dy't nedich is foar it goed funksjonearjen fan 'e ynnommen posysje, lykas technyske kennis, organisaasjelear, gedrachswittenskippen (hoe reägearje de minsken op in aksje fan 'e organisaasje), kommunikaasjekunde, risiko-analyze, ensfh.
  • kader: alle hierargyske lagen fan 'e organisaasje, de nivo's dêr't beslissings op nommen wurde en opdrachten formulearre wurde.
  • kontrôle: hjirûnder wurdt ferstien dat eltsenien yn syn funksjonearjen en hanneljen kontrolearre wurde moat, mei as doel om fraude en korrupsje foar te kommen en ferlet oan byskoalling te efterheljen. It fermogen ta útfiering fan kontrôle wurdt gauris beheind troch ferlet fan behâld fan privacy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.