Ynfiltraasje (wetterbehear)
Appearance
Ynfiltraasje is tafoeging oan de baoiem fan wetter út de sleat troch in stelsel fan gongen.
Dit bart om de grûnwetterstân op peil te hâlden of te bringen. De gongen kinne bestean út in stelsel fan drainbuizen of út gongen, klutsen troch de saneamde molploech. Molgongen moatte -al nei de grûn- om de ien of twa jier opnij lutsen wurde; oars ferstopje se. Ek wurde beide systemen wol kombinearre : in molgongstelsel op bygelyks 4 meter, lutsen boppe in lizzend buizestelsel op bygelyks 40 meter. It meanfjild moat flak wêze, omdat it grûnwetter nea boppe de sleatwetterstân komme kin. Foar aksidintearre lân is ynfiltraasje dus net geskikt, dan soe it lân earst egalisearre wurde moatte. Keunstmjittige bereining sil dan ek minder djoer wêze.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.riool.info - publyksside oer wetter en riolearing.
- Untlûken grûnwetter of ynfiltrearen wetter, fergunning fan de Provinsje Súd-Hollân
- Fergunningoanfraach ûntlûking/ynfiltraasje fan de Provinsje Seelân