Yndirekte ferkiezing
Appearance
(Trochferwiisd fan Yndirekte ferkiezings)
In yndirekte ferkiezing is in foarm fan ferkiezje wêrby it folk in fertsjintwurdiging kiest, en dy fertsjintwurdiging dêrnei wer fertsjintwurdigers kiest. Dizze foarm is ien fan de âldste foarms fan ferkiezje en wurdt noch yn in protte lannen foar it hegerhûs of de presidint brûkt.
Foarbylden fan dizze foarm fan ferkiezings binne bygelyks:
- Yn Nederlân kiezje direkt keazenen fan de Provinsjale Steaten de leden fan de Earste Keamer.
- Yn Dútslân wurde de leden fan de Bûnsrie beneamd troch it regear fan de dielsteaten.
- Yn de Feriene Steaten wurdt de presidint keazen troch kiesmannen.